Springe nei ynhâld

Macaronipinguïn

Ut Wikipedy
Macaronipinguïn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaitúfpinguïns (Eudyptes)
soarte
Eudyptes chrysolophus
Brandt, 1837
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De Macaronipinguïn (Eudyptes chrysolophus) is in pinguïn dy't op eilannen om Antarktika hinne foarkomt, fral op 'e Crozeteilannen. De soarte is mei de wytwangpinguïn de grutste yn it skaai fan 'e túfpinguïns (Eudyptes).

De spesifike namme fan 'e soarte is ôfkomstich fan Ingelske ûntdekkingsreizgers, dy't de fûgel Macaroni Penguin neamden, om't de giele plûmkes op 'e kop harren tinken die oan 'e doe populêre moade fan klean yn it 18e-iuwske Ingelân. Dy moadestyl wie oerdwealsk fersierd en de dragers dêrfan waarden macaroni neamd.

As folwoeksen fûgel wurdt de Macaronipinguïn 70 sm lang en weaget 5,5 kg. Hy ûnderskiedt him fan 'e wytwangpinguïn troch it swarte gesicht, dy't by de wytwangpinguïn wyt is.

It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte leit fan sub-Antarktika oant it Antarktysk Skiereilân. Der binne teminsten 216 briedkoloanjes op 50 ferskillende lokaasjes, wêrûnder Sily, de Falklâneilannen, de Súdlike Sanwicheilannen, de súdlike Orkney-eilannen, de súdlike Sjetlâneilannen, Bouvet, de Prins Edwardeilannen, de Crozeteilannen, Kerguelen, de Heard en McDonaldeilannen en lokaal ek op it Antarktysk Skiereilân. Groepen foerazjearje sa fier noardlik as Austraalje, Nij-Seelân, Súd-Brazylje, Tristan da Cunha en Súd-Afrika.

Ut mitochondriaal DNA en nukleêr DNA hat bliken dien dat de soarte him likernôch 1,5 miljoen jier lyn fan syn neiste sibbe de wytwangpinguïn (Eudyptes schlegeli) ôfskate. Dy twa besibbe soarten lykje morfologysk op inoar en binne faak as ûndersoarten beskôge.

De soarte wurdt op it stuit (2025) troch IUCN as kwetsber (Vulnerable, 2020) klassifisearre om't it oantal fûgels yn 'e lêste trije generaasjes (37 jier) mei 47% ôfnaam. Dy klassifikaasje is lykwols basearre op ekstrapolaasje fan lytskalich ûndersyk. Sa toande in stúdzje oan dat in briedpopulaasje op Súd-Georgje yn 'e jierren 1986-1998 mei 65% ôfnaam. In oare stúdzje fan Marion Island liet yn it tiidrek 1979-1998 in ôfname sjen fan 50%.

De wrâldpopulaasje waard yn 2013 op 6,3 miljoen briedpearen yn teminsten 258 koloanjes op 55 lokaasjes rûsd. De grutste populaasje binne op de Crozeteilannen mei 2,2 miljoen pearkes, Kerguelen (1,8 miljoen), Heard Island (1 miljoen), Súd-Georgje (1 miljoen) en Marion Island (290.000 pearkes). Om te ferlikenjen bieden der allinnich al op Súd-Georgje yn 'e jierren 1980 5 miljoen pearkes. It is net dúdlik wêrom't de oantallen sa tebek rinne. Nei alle gedachten foarmje klimaatskommelingen, de beskikberens fan iten yn 'e wintertiid en konkurrinsje mei Antarktyske pelsrobben de wichtichste bydrage oan 'e delgong.

De populaasje op 'e Kerguelen wurdt as stabyl beskôge.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: