Maashorst
| Maashorst | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Maashorst is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. It haadplak fan 'e gemeente is Uden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Maashorst is op 1 januari 2022 stifte troch de gearfoeging fan de eardere gemeenten Uden en Landerd. De namme Maashorst ferwiist nei it natuergebiet mei deselde namme, dat tusken de doarpen fan 'e gemeente leit.
Yn 2018 setten de gemeenterieden fan Uden en Landerd útein mei it ûndersykjen nei gearwurking en in mooglike fúzje. Der waard in ferkenning mei ynbring fan ynwenners, belangegroepen en ûndernimmers útfierd. Sa ûntstie der draachflak foar in fúzje, benammen ek om't beide gemeenten al nau gearwurken yn ferskate domeinen (lykas miljeu en romtlike oardering). Yn 2020 naam de Twadde Keamer it wetsfoarstel oan foar de fúzje fan 'e gemeenten. Op 1 jannewaris 2022 waard de gemeente formeel in feit.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út seis doarpen:
- Uden
- Volkel
- Odiliapeel
- Reek
- Schaijk
- Zeeland
Fierder telt de gemeente noch in soad buorskippen: Bedaf · Biesthoek · Brand · Duifhuis · Duifhuis · Eikenheuvel · Gaal · Graspeel · Heikant · Hengstheuvel · Hoefkens · Hooge Heide · Hoogveld · Hultje · Kleuter · Kreitsberg · Kooldert · Lagenheuvel · Lankes · Loo · Maatsehei · Moleneind · 't Mun · Nabbegat · Niemeskant · Oosterens · Oventje · Rakt · Schadron · Slabroek · Strepen · Trent · Velmolen · Vloet · Voederheil · Weeg · Witte Dellen · Zevenhuis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeenten yn Noard-Brabân | |
|---|---|
| Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |

