Maarten Pennewaard
| Maarten Pennewaard | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Maarten Pennewaard | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1961 | |
| berteplak | Harns | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| berop/amt | sjoernalist | |
| aktyf as | sjoernalist, redakteur | |
| reden bekendheid | haadredakteur Ljouwerter Krante | |
Maarten Pennewaard (Harns, 1961) is haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. [1]
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it atheneum oan de RSG Simon Vestdijk yn Harns folge er in stúdzje bedriuwskunde en MBA (strategy, feroaring en consultancy)
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pennewaard waard yn 1981 learling-sjoernalist by de LC en wie ferslachjouwer by ferskate redaksjes, sjef fan redaksjes regio en binnen-buitenland. Yn 1992 wurke er by de Geassocieerde Pers Diensten en die yn dy tiid ûnder oare ferslach fan de Bijlmerramp. Letter die er projektûntwikkeling foar redaksjes, interim-manager radiotakke en wie ûnderwiisferslachjouwer en marketing. Yn syn marketingtiid wie er projektlieder by de ynfiering fan apps foar de LC, it Frysk Deiblêd en it Deiblêd fan it Noarden.[2] Yn desimber 2023 waard er beneamd as haadrekteur nei in periode as waarnimmend-haadredakteur nei it fuortgean fan Sander Warmerdam.
Fanút syn hobby is hy sûnt 2004 game-resinsint foar de LC en it Deiblêd foar it Noarden.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pennewaard waard yn 2010 foarsitter fan de Ljouwerter kuorbalferiening KLV. Yn 2019 wie hy sjuerylid by de Fryske Underwiispriis. [3]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|