Springe nei ynhâld

Spegeltest

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan MSR-proef)
In mantelbaviaan (Papio hamadryas) ûndergiet de spegeltest, mar ken himsels net werom yn syn wjerbyld.

De spegeltest of spegelproef, ek wol bekend ûnder de Ingelske namme mirror self-recognition test ("spegelselswerkenningstest"), ôfkoarte ta MSR-test, is in proef dy't dien wurde kin om te sjen oft in bistesoarte oer selsbewustwêzen beskikt. De test waard yn 1970 betocht troch de Amerikaanske psycholooch Gordon Gallup jr.

It bestiet derút dat it bist ûnder algehiele ferdôving brocht wurdt en dan in merkje kriget, besteande út in stipke ferve of in fel kleure sticker op in plak dêr't er dat sels mei de eagen net gewaarwurde kin, bygelyks op 'e foarholle of op 'e kiel. As it bist wer bybrocht wurdt út 'e ferdôving, wurdt him in spegel foarholden. As it bist dan mei de poaten de fervestip of sticker ûndersiket of der fanôf besiket te kommen troch de foarholle of kiel oer de grûn of oer in foarwerp hinne te wriuwen, wurdt dat ynterpretearre as bewiis dat it bist himsels yn syn wjerbyld weromken.

In filmke fan in ekster dy't by de spegel-test de stip op syn kiel besiket kwyt te reitsjen en dúdlik syn wjerbyld as himsels weromken.

De spegeltest is tsjintwurdich in standerttechnyk foar it beoardieljen fan selsbewustwêzen yn bistesoarten. Der binne lykwols net in protte soarten dy't de test trochstien hawwe. Kritisy fan 'e test wize derop dat de spegeltest derfan útgiet dat it elts bist wat skele kin dat er in fervestip of sticker op 'e foarholle of kiel hat. Foar bisten dy't har dêr net om bekroadzje, leveret de test dan falsk negative útkomsten op. Ek is derop wiisd dat bisten selsbewustwêzen toane kinne op manearen dy't net troch de spegeltest waarnommen wurde, lykas trochdat se har eigen sang of rook ûnderskiede fan dy fan soartgenoaten. De konklúzje fan in protte kritisy is dat de spegeltest syn wearde hat, mar dat men der net op fertrouwe kin as de iennichste oanwizer fan selsbewustwêzen by bisten.

Bistesoarten dy't (anno 2025) de spegeltest trochstien hawwe, en wêrby't dus in foarm fan selsbewustwêzen fêststeld is, binne: de sjimpansee (Pan troglodytes), de bonobo (Pan paniscus), de westlike gorilla (Gorilla gorilla), de Borneooske orang-oetan (Pongo pygmaeus), de Aziatyske oaljefant (Elephas maximus), de tommelder (Tursiops truncatus), de orka (Orcinus orca), de swarte swurdwalfisk (Pseudorca crassidens), de ekster (Pica pica), de reuzemanta (Mobula birostris), de gewoane poetslipfisk (Labroides dimidiatus), de Atlantyske spûkkrab (Ocypode quadrata), de neibearoktopus (Thaumoctopus mimicus) en trije soarten eamels; de reade stekeamel (Myrmica rubra), de boskstekeamel (Myrmica ruginodis) en de sânstekeamel (Myrmica sabuleti).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.