MQ-9 Reaper

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
MQ-9 Reaper fan de Amerikaanske loftmacht.

De MQ-9 Reaper is in ûnbemanne fleanmasine dy’t op ôfstân fleane kin. It fleantúch is ûntwikkele troch General Atomics en wurdt ûnder oaren brûkt troch it Amerikaanske en Britske leger.

De MQ-9 is grutter en swierder as syn foargonger MQ-1 Predator en hat mear kapasiteiten. Oan syn wjukken kinne fjouwer wapensystemen hongen wurde mei in maksimum fan 1361 kilogram. Dat binne de AGM-114 Hellfire, AGM-175 Griffin, de GBU-12 Paveway II en GBU-38 JDAM. Mooglik sil dêr yn de takomst de GBU-39 SDB noch by komme.

Yn 2013 die it Ministearje fan Definsje te witten dat se fjouwer drones en in grûnstasjon kocht hienen. It grûnstasjon en de fjouwer drones komme op de fleanbasis Ljouwert en sille yn 2016 operasjoneel wurde moatte.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Volkskrant online: De Reaper: sneller, zwaarder, krachtiger, maar niet onomstreden