Mirjam Timmer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan MIR)
Mirjam Timmer
sjonger en/of muzikant
Mirjam Timmer
Mirjam Timmer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1 july 1982
wurkpaad
sjenre Nederlânsktalige muzyk
sjongtaal Frysk, Ingelsk
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Wêr bisto
jierren aktyf 1999-no

Mirjam Timmer (Ljouwert, 1 july 1982) is in Frysk sjongster. As aristenamme brûkt hja sûnt 2006 MIR.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Timmer komt út Wergea, dêr't hja har as bern al dwaande hâlde mei muzykmeitsjen en ferskes skriuwen. Tegearre mei har doarpsgenoat Johan van der Veen die hja mei oan talintejachten, ûnder oaren Liet, ûnder de namme Twarres. Dat hie súkses: yn 2000 skoarden hja in nûmer 1-hit yn Nederlân en Flaanderen mei Wêr Bisto. Dêrnei folgen noch singles as She Couldn't Laugh, Children en I Need To Know. Dêrneist helle it duo ek súkses mei in platina bekroane debútalbum neamd Stream en de opfolger CD².

Yn 2003 skreau Timmer muzyk foar de Frysktalige musical De lêste brief. Letter dat jier besleaten Van der Veen en Timmer op te hâlden as duo. Yn desimber 2004 fersoarge Timmer in tal optredens tegearre mei sjongster Plattèl. Yn Wergea wurke hja lange tiid oan ferskate ferskes foar in album. Yn 2004 wie it ûnwis oft de se ea wer op it poadium stean koe, doe't hja in earm bruts nei in fal fan in trep en dêrtroch lang net gitaarspylje koe. It ûngemak kaam hja te boppe en dêrnei wurke hja mei produsinten John Themis en Gregor Hamlintion yn Londen fierder oan har solodebút. As foarpreauke fan dat album ferskynde Timmer begjin 2006 ûnder de namme MIR, de earste single fan de sjongeres: Face To Face, wat in beskieden plak yn de hitlisten helle.

Nei har solo-album Files From London kaam der in nije singel: The Deep Blue Sea, in nûmer dêr't Timmer de fokalen foar dielde mei Simple Minds-sjonger Jim Kerr. Yn oktober 2006 ferskynde de singel The Shadow Of Me. Begjin 2007 starte hja, yn gearwurking mei ûnder oaren Julian Thomas en Syb van der Ploeg mei Motel Westcoast, in jûnfoljende popfoarstelling mei populêre Amerikaanske West Coast-nûmers.

Sûnt 2015 is Mirjam werom ûnder de âlde namme Twarres mei twa nije bendleden, Kristian en Julian.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]