Springe nei ynhâld

Mûsfûgels

Ut Wikipedy
mûsfûgels
In brune mûsfûgel (Colius striatus).
In brune mûsfûgel (Colius striatus).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:lânfûgels (Telluraves)
sûnder rang:bitterfûgels (Afroaves)
skift:mûsfûgeleftigen (Coliiformes)
mûsfûgels (Coliidae)
Swainson, 1837

De mûsfûgels (Coliidae) foarmje de ienige libbene famylje fan fûgels in it skift fan ‘e mûsfûgeleftigen (Coliiformes). De famylje bestiet út twa libbene en fiif útstoarne skaaien, en seis libbene en sawat njoggen útstoarne soarten. Alle oergebleven soarten libje yn Afrika besúden de Sahara. Yn Europa binne fossiele soarten fûn.

De seis libbene mûsfûgelsoarten binne slanke grize oant brune fûgels mei lange sturten en in toef. Se libje yn groepkes yn beammen libje wêr se tusken de blêden skarrelje lykas knaagdieren. Dêr komt de namme yn de measte talen wei.