Mûsfûgeleftigen
| mûsfûgeleftigen | ||
| In blaunekmûsfûgel (Urocolius macrourus). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
| tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| sûnder rang: | lânfûgels (Telluraves) | |
| sûnder rang: | bitterfûgels (Afroaves) | |
| skift: | mûsfûgeleftigen (Coliiformes) | |
| Murie, 1872 | ||
Mûsfûgeleftigen (Coliiformes) foarmje in lyts skift fan fûgels dy't tsjintwurdich allinnich yn Afrika foarkomme. It skift omfettet mar ien libbene famylje: de mûsfûgels (Coliidae) mei seis libbene soarten. It binne slanke grize oant brune fûgels mei lange sturten dy't yn groepkes yn beammen libje. Dêr skarrelje se tusken de blêden lykas knaagdieren, dêrfandinne harren namme.
Evolúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûsfûgels kinne beskôge wurde as "libbene fossilen", om't de seis soarten dy't hjoed de dei noch besteane, net mear as de oerlibbenen binne fan in line dy't folle ferskaater wie yn it iere Paleogeen en Mioseen. Der binne talrike fossilen fan mûsfûgeleftigen, mar it is net maklik west om in robuste fylogeny gear te stellen. De famylje is dokumintearre te bestean fan it iere Paleogeen ôf; teminsten tsjin it lette Eoseen binne twa famyljes bekend dy't bestien hawwe, de besteande Coliidae en de prehistoarysk útstoarne Sandcoleidae mei langere snaffel.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skift mûsfûgekeftigen (COLIIFORMES), ynklusyf fossile taksa
- ûnbekende famylje:
- skaai † Botauroides (Eoseen yn Wyoming, US)
- † B. parvus
- skaai † Eobucco – Sandcoleidae?
- †E. brodkorbi
- skaai † Eocolius (ier Eoseen yn Walton-on-the-Naze, Ingelân) – Sandcoleidae of Coliidae
- † E. walkeri
- skaai † Limnatornis (ier Mioseen yn Saint-Gérand-le-Puy, Frankryk) – Coliidae? (Urocolius?)
- † L. consobrinus
- † L. paludicola
- † L. archiaci
- famylje, skaai en soarte ûnbekend (let Mioseen yn Kohfidisch, Eastenryk)
- skaai † Uintornis - Sandcoleida?
- † U. lucaris
- † U. marionae
- skaai † Uintornis - Sandcoleida?
- famylje † Chascacocoliidae
- skaai † Chascacocolius (let Paleoseen? - ier Eoseen) - Sandcoleidae
- † C. oscitans
- † C. cacicirostris
- skaai † Chascacocolius (let Paleoseen? - ier Eoseen) - Sandcoleidae
- famylje † Selmeidae
- skaai † Selmes (midden Eoseen? - let Oligoseen yn Midden-Jeropa) - Coliida? (synonym fan Primocolius?)
- † S. absurdipes
- skaai † Selmes (midden Eoseen? - let Oligoseen yn Midden-Jeropa) - Coliida? (synonym fan Primocolius?)
- famylje † Sandcoleidae
- skaai † Sandcoleus (Paleoseen)
- † S. copiosus
- skaai † Anneavis
- † A. anneae
- skaai † Eoglaucidium
- † E. pallas
- skaai † Tsidiiyazhi (Paleoseen yn New Mexico, US)
- † T. abini
- skaai † Sandcoleus (Paleoseen)
- famylje (moderne) mûsfûgels (Coliidae)