Mûne fan Werkendam
| Vervoorne Mûne | ||
| lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| adres | Schans 22A | |
| koördinaten | 51°48'N 4°54'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | muonts | |
| funksje | poldermûne | |
| flecht | 22 m | |
| boujier | 1700 | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 38669 | |
| Webside | ||
| molensheusdenenaltena.nl | ||
| Kaart | ||
De Vervoorne Mûne is in poldermûne oan 'e Schenkeldijk yn Werkendam yn 'e gemeente Altena.
De om 1700 hinne boude mûne tsjinne om 'e Vervoorne Polder te bemeallen en ferfong in eardere wipmûne. De muonts is in houten achtkante mûne, útrist mei in skeprêd mei in diameter fan 5,71 m.
Oant 1934 mealle de mûne de polder allinnich op wynkrêft drûch, dêrnei is in elektromotor ynboud. Yn it lêste oarlochsjier waard de wynkrêft wer brûkt, oant de grutte ruilferkaveling fan 'e jierren 1960. Dêrnei rekke de mûne yn ferfal, mar yn 1969 folge in restauraasje en de mûne krige nij reid en in nije binnenroede. Sûnt koe de mûne wer draaie, mar troch it legere peil nei de ruilferkaveling stie de wetterrin drûch. Yn 1975 waard in sirkwy oanlein, sadat it rêd wer wetter skeppe koe.
Nei 2000 is de mûne stadichoan fierder opknapt. Yn desimber 2005 krige de mûne in nije bûtenroede.
De mûne is yn 2020 stilset om't der fersakkingen wiene en de mûne rjochtset wurde moast. Ek is doe de binnenroede fan 'e jierren 1960 ferfongen troch in nije binnenroede. Yn 'e maitiid fan 2021 koe de mûne wer iepene wurde.
Eigner is de mûnestifting Land van Heusden & Altena. De mûne is op ôfspraak te besjen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
