Springe nei ynhâld

Mûne fan Oudegein

Ut Wikipedy
Mûne fan Oudegein
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plak Nieuwegein
adresGeinoord 10
koördinaten52°01' N 5°04' E
bysûnderheden
type mûnewipmûne
funksjepoldermûne
oarspr. gebrûkGeinoord 10
flecht24,9 m
boujier1666
oare ynformaasje
eignerStifting De Utertske Mûnen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer42097
Webside
poldermolenoudegein.nl
Kaart
Mûne fan Oudegein (Utert)
Mûne fan Oudegein

De Mûne fan Oudegein is in wipmûne yn Nieuwegein yn 'e provinsje Utert.

De mûne waard neffens dendrogronolysk ûndersyk yn 1666 of 1667 yn Jutphaas boud as ferfanger fan in mûne op itselde plak. De nije mûne bemealle dêr de kombinearre polders Oudegein en De Wiers mei in oerflak fan 210 ha. Yn 1935 krige it skeprêd fan 'e mûne in Ericsson-ynstallaasje, sadat dy elektrysk oandreaun wurde koe, al bleau wynkrêft ek mooglik. Sûnt 1945 waard allinne noch de elektromotor brûkt. Nei de bou fan in gemaal op in oar plak rekke de mûne oerstallich. It binnenwurk waard der foar it measte út weibrutsen en de mûne bleau fierder as monumint stean. Mei frijwilligers waard de mûne yn 'e rin fan 'e tiid út en troch wer oan it draaien set.

Mei't Nieuwegein in foarse groei meimakke, rekke de mûne yn 'e jierren 1970 en 1980 ynsletten troch bebouwing. Ek rekke de mûne brekfallich en yn 1982 waard fêststeld dat it boppehûs sa min wie, dat it draaien langer net ferantwurdlik wie. Yn 1983 wie al in nij boppehûs boud, mar om't der ûnienichheid wie oer in nij plak fan 'e mûne bleau dy yn 'e opslach stean. It krewearjen om de mûne út de bebouwing te ferhûzjen slagge net om 't de gemeente de mûne op it eigen gemeentegebiet hâlde woe. Undertusken wiene yn 1988 ek de roeden foar de feiligens strutsen.

Werbou op in oare lokaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It duorre noch oant 2003 dat de ûndertoer fan 'e mûne ferhûze nei in plak by de bernebuorkerij IJsselstee. It doel wie om de mûne it wetter fan Park Oudegein rûn te meallen en dêrom stiet de mûne yn in kûle ynstee fan op boezempeil en stiet it skeprêd oan 'e efterkant ynstee fan oan 'e sydkant. It boppehûs waard yn 2006 wer set en de mûne koe wer draaie, mar mealree wie de mûne noch net.

De skea fan brânstifting yn 2007 bleau tanksij de brânwar beheind ta it reid fan 'e ûndertoer. Yn 2015 waard de mûne yn 'e oarspronklike kleuren werom brocht. Yn 'e jierren dêrnei waarden der nije wetterrinnen groeven, krige de mûne in skeprêd en waard der in automatysk gemaal njonken de mûne set om sa de wetterkwaliteit yn it Park Oudegein te ferbetterjen. Op 24 septimber 2021 waard de mealreeë mûne wer iepene. De mûne waard yn maaie 2024 behannele tsjin 'e oantaasting fan 'e bûnte kjifkrobbe.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Oudegeinse molen