Mûne fan Oisterwijk
| Kerkhovense Molen / Onvermoeid | ||
| lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Oisterwijk | |
| adres | Langvennen Oost 120 | |
| koördinaten | 51°35'N 5°10'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | nôtmûne | |
| flecht | 26,1 m | |
| boujier | 1895 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | St. Kerkhovense Molen | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 31368 | |
| Kaart | ||
De Kerkhovense Molen of de Onvermoeid is in rûne stiennen stellingmûne yn it Noard-Brabânske plak Oisterwijk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1895 boud om in ôfbaarnde standermûne te ferfangen op it plak dêr't al iuwen in mûne stien hat. De mûne krige trije koppel mealstiennen: ien foar it meallen fan konsumpsjemoal, ien foar it meallen fan feefoer en ien foar it meallen fan bast. De funksje fan bastmûne wie wichtich foar de learloaierijen yn 'e krite.
Drûge bast wie lykwols ek tige brânber en dat wie de oarsaak dat der op 23 maart 1910 in grutte brân ûntstie. De brânwar hie foar it dwêsten fan it fjoer de spuit fergetten en doe't dy lang om let ophelle wie die bliken dat der gjin wetter wie om te dwêsten. Doe waard besletten om alle iepeningen ôf te sluten om de brân te dôvjen. De Kerkhovense Molen waard restaurearre mei dielen fan it binnenwurk fan in bûten gebrûk stelde poldermûne út Barendrecht. Troch de brân is de romp lykwols skuorre, wêrtroch't de mûne sûnt de restauraasje fochtproblemen hie.
Oant de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch waard de mûne brûkt foar it kommersjeel meallen; dêrnei stie de mûne stil en ûntstie der efterstân yn it ûnderhâld. Om fierder ferfal tefoarren te kommen, kocht de gemeente Oisterwijk yn 1953 de mûne oan, mar liet it gewurde dat dielen fan it binnenwurk fuorthelle waarden. Yn 'e jierren dêrnei tsjinne de mûne as jeugdherberch, itjinge oant 1970 duorre. Yn dat jier waard de mûne in ryksmonumint. Tusken 1976 en 1979 waard der foar krewearre om de mûne wer mealree te meitsjen. Yn novimber 1979 waard foar it earst sûnt 30 jier wer op wynkrêft mealle.
Fanwegen fochtproblemen as gefolch fan 'e brân yn 1910 wiene der rotsjende balken en lossittende stiennen en dêrfandinne moast de mûne yn 1992 stilset wurde. De stifting "De Kerkhovense Molen" kocht de mûne yn 1993 en krewearre der foar om de mûne wer mealree te meitsjen. Op 1 maaie 1999 wie dat in feit. Doe krige de mûne ek de namme "Onvermoeid" werom, in namme dy't er al yn 1926 hie.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flecht fan 'e mûne is 26,10 m. De binnenroede is Aldhollânsk ophekt en de bûtenroede hat fokwjukken mei remkleppen. It kruiwurk is in Ingelsk kruiwurk. De 5,06 m lange boppeskroef is út 1850 en getten troch de firma F.J. Penn & Comp. út Doardt. De mûne wurdt fongen mei in Flaamske blokfang en wurdt betsjinne mei in fangtou en fangtrommel.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
