Springe nei ynhâld

Mûne fan Logabirum

Ut Wikipedy
Frisia
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
lânkring Niedersaksen
plakLier-Logabirum
adresLogabirumer Straße 55
koördinaten53°14' N 7°30' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
oarspr. gebrûknôtmûne
boujier1895
oare ynformaasje
eignerpartikulier
Kaart
Mûne fan Logabirum (Nedersaksen)
Mûne fan Logabirum

De mûne fan Logabirum of de Frisia, ek Wynmûne Eiklenborg, is in stellingmûne yn Logabirum, in Stadtteil fan Lier yn' e Dútske lânkring Lier. It monumint is de lêste wynmûne yn it stedsgebiet fan Lier.

De nôtmûne waard mei in seagerij troch de mûnebouwer Menno Bernhard Toeldste Dirks út Emden boud foar Jan Gerads Eiklenborg. De bou sette yn desimber 1894 útein en waard yn 1895 yn bedriuw nommen. Ynearsten hie de reiddutsen stellingmûne in sturt en wjukken mei silen. De soan fan 'e bouwer Johann Gerhard Eiklenborg naam it bedriuw yn 1933 oer en feroare de oandriuwing fan wynkrêft op elektromotoren, mar de mûne koe ek noch op wynkrêft wurkje. Yn 1937 waard de sturt fan 'e mûne troch in wynroas en de sylwjukken troch selsswichting ferfongen.

Flak foar de ein fan 'e Twadde Wrâldkriich waard de wynroas yn 'e brân sketten, mar dêrnei folge de reparaasje. Yn 1948 waard it reid fan 'e kape fan 'e mûne ferfongen troch daklear. Jan Gerhard Eiklenborg út de tredde generaasje naam de mûne yn 1968 oer en brûkte de mûne as pel- en seachmûne oant 1975.

Yn it jier 1995 waard de Mühlenverein Logabirum stifte ta behâld fan 'e mûne. De mûne krige in nije stelling en yn 1996 waard de mûnekape en letter ek it achtkant wer mei reid dutsen. Oant hjoed-de-dei is de mûne noch yn famyljebesit.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: