Mûne fan Kortrijk
| Mune fan Kortrijk | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | Breukelen | |
| adres | Stasjonswei 93 | |
| koördinaten | 52°10' N 4°59' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | wipmûne | |
| funksje | poldermûne | |
| flecht | 23,70 / 23,90 m | |
| boujier | 1675 | |
| oare ynformaasje | ||
| eigner | Stifting De Utertske Mûnen | |
| monumintale status | ryksmonumint | |
| monumintnûmer | 10625 | |
| Webside | ||
| www.utrechtslandschap.nl | ||
| Kaart | ||
De Mûne fan Kortrijk is in wipmûne en stiet fuort west fan Breukelen yn 'e provinsje Utert. Kortrijk is de namme fan 'e polder dy't de mûne bemealle en dy namme ferwiist nei de West-Flaamske stêd Kortrijk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard om 1675 hinne boud as ferfanger fan in mûne dy't yn it rampjier 1672 troch Frânske troepen fernield waard. Undersyk hat nammentlik útwiisd dat it hout yn 'e mûne tusken 1668 en 1670 kapt is. Om't ek oare mûnen yn 'e omjouwing troch Frânsen fernield binne, wurdt oannommen dat mei de mûne fan Kortrijk itselde barde. Yn argiven is boppedat in lieningsakte út 1674 fûn om de mûne te werbouwen.
Oant 1912 bleau de mûnder yn 'e ûndertoer wenjen. Doe waard njonken de mûne in mûnderswente boud. Dêrfandinne is de âlde wente noch altiten sa lykas dy goed in iuw lyn wie.
De mûne bemealle de polder Kortrijk en Gieltjesdorp op wynkrêft oant yn 1951 west fan 'e mûne de A2 oanlein waard. Dêrmei rekke de mûne de wettertafier kwyt en krige Rykswettersteat de mûne yn syn besit.
Sûnt 1978 waard de doe al brekfallige mûne oan 'e Stifting De Utertske Mûnen oerdroegen. Dy restaurearre de mûne sadat er wer draaie koe. Yn oktober 1991 waard de mûne ek wer mealree makke. Sûnt kin de mûne mei in skeprêd yn sirkwy mealle. De roeden binne hast 24 m lang en ha Aldhollânsk hekwurk mei silen.
De feroaringen om 'e mûne hat de omjouwing foar it monumint jimmeroan minder geskikt makke. Der hat praat west om de mûne te ferhûzjen, mar de gemeente woe de mûne net kwyt. De mûne fan Kortrijk is de lêste noch besteande mûne op it gemeentegebiet. Om de omjouwing te ferbetterjen binne wol beammen kapt. Yn 2024 waard de mûnen behannele tsjin de oantaasting fan 'e bûnte kjifkrobbe.
De Mûne fan Kortrijk wurdt alle wiken troch frijwilligers oan it wurk set.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
