Springe nei ynhâld

Mûne fan Kockengen

Ut Wikipedy
Mune fan Kockengen
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
plakKockengen
adresWagendijk 15
koördinaten52°08' N 4°56' E
bysûnderheden
type mûnewipmûne
funksjepoldermûne
flecht23,70 m
boujier1675
oare ynformaasje
eignerStifting De Utertske Mûnen
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer23710
Webside
www.utrechtslandschap.nl
Kaart
Mûne fan Kockengen (Utert)
Mûne fan Kockengen

De Mûne fan Kockengen is in wipmûne sud fan it Utertske doarp Kockengen.

De mûne waard yn 1675 boud, mar mooglik is de mûne noch 20 jier âlder. Oant 1960 hat de mûne de polder Kockengen op wynkrêft bemealle. Nei de bou fan in elektrysk gemaal yn 1962 tsjinne de mûne as reservegemaal foar in grutter gebiet, wêrby't in pear polders kombinearre binne.

Sûnt 1963 is Stifting De Utertske Mûnen eigner fan 'e mûne. Yn 1983 waard de mûne yngreven restaurearre en yn 1987 waard de útbrutsen mûnderswente wer rekonstruearre. Tusken 2010 en 2012 waard de mûne rjochtset, binne de fjildmuorren restaurearre en krige de ûndertoer nij reid. Ek waard it mûnehiem foar it measte opknapt. Tagelyk binne der ferskate oanpassingen oan 'e mûne útfierd yn ferbân mei it sterk legere polderpeil sûnt 1962.

It wjukkekrús bestiet noch út saneamde potroeden. Se ha in lingte fan hast 24 m en binne útrist mei Aldhollânsk hekwurk mei silen. De mûne slacht it wetter mei in skeprêd út.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: