Springe nei ynhâld

Mûne fan Drunen

Ut Wikipedy
Hertogin van Brabant
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Heusden
plak Drunen
adresParallelwei 8
koördinaten51°41'N 5°06'E
bysûnderheden
type mûnebultmûne
funksjenôtmûne
flecht27,10/27,20 m
boujier1838
oare ynformaasje
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer14139
Webside
Hiemside fan 'e mûne
Kaart
Mûne fan Drunen (Noard-Brabân)
Mûne fan Drunen

De Hertogin fan Brabant is in nôtmûne oan 'e Parallelwei 8 yn Drunen (gemeente Heusden), Noard-Brabân.

De stiennen bultmûne ferfong yn 1838 in twa jier earder ôfbaarnde standermûne. Oant 1947 die de bultmûne tsjinst op wynkrêft; dêrnei waard in diselmotor brûkt foar it meallen en de mûne rekke yn ferfal. In restauraasje yn 1953-1954 makke de mûne wer mealree, mar mei't yn 1969 in feriening yn 'e mûne ûnderbrocht waard, rekke de mûne fannijs yn ferfal. Yn 1969 waarden de fokken fan 'e roeden helle en wat letter ek it hekwurk. Ek de omjouwing fan 'e mûne waard suterich mei in soad wyldgroei om de mûne hinne. It binnenwurk bleau lykwols bewarre.

Yn 2010 waarden in soad hege beammen om de mûne kapt, mar dat wie allinnich om in lûdswâl by de A59 del te setten. Yn augustus 2014 waard útein set mei de restauraasje fan 'e nôtmûne. Op 31 oktober 2015 wie it wurk foltôge en waard de mûne feestlik yn gebrûk nommen. In steurend elemint by de mûne bliuwt lykwols de lûdswâl.

Yn 2018 krige de mûne nije roeden, dy't fanwegen it wenhûs tichteby wat koarter binne as de eardere roeden.

Boukundich is de Hertogin van Brabant in bysûndere mûne. De tige koanysk mitsele romp hat mei 10 m de grutste ûnderdiameter fan Nederlân, sadat de kape yn ferhâlding lyts liket.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: