Springe nei ynhâld

Mûne fan Bunde

Ut Wikipedy
Mûne fan Bunde
mûne / mole
lokaasje
lânflagge fan Dútslân Dútslân
lânkring Niedersaksen
plakBunde
adresWeenerstraße
koördinaten53°10' N 7°16' E
bysûnderheden
type mûnestellingmûne
funksjenôtmûne
flecht22,5 m
boujier1869, ferhege yn 1911
Kaart
Mûne fan Bunde (Nedersaksen)
Mûne fan Bunde

De mûne fan Bunde is in stellingmûne yn it Eastfryske plak Bunde, Nedersaksen.

De mûne stiet oan 'e Weenerstraße en waard yn 1869 boud. Nei in brân waard de mûne yn 1911 ferhege ta in fjouwer ferdjippingen tellende stellingmûne. De stiennen basis waard boud troch boufakkers út Bunde en it houten achtkant kaam út Nederlân. De sturt en de wynsilen fan 'e mûne waarden yn 1956 ferfongen troch in wynroas en selsswichting.

Oant yn 'e jierren 1960 bleau de mûne allinnich op wynkrêft draaien. Nei't dat net mear út koe en de mûne lang om let allinnich noch op elektrisiteit wurke, rekke de mûne jimmeroan mear yn ferfal. Oant de ein fan 'e jierren 1960 besochten de eigner en in pear mûnefreonen de mûne om 'e nocht fan 'e ûndergong te rêden.

Yn 1975 waard de Verkehrs- und Verschönerungsverein (VVV) stifte mei it doel om de mûne te behâlden en dy restaurearre de mûne. Yn 'e earste faze waard in nije kape set en in begjin makke oan it skilderswurk. Yn 1975 waarden it achtkant wer renovearre en nije wjukken set. Mei it setten fan in nij kamrêd en it wynoandreaune gemaal koe de mûne yn 1978 wer yn bedriuw nommen wurde.

De wjukken fan 'e mûne waarden yn 'e jierren 1997-1999 útrist mei it Van Bussel-systeem. De mûne is mealree en wurdt regelmjittich betsjinne troch twa frijwillige mûnders.

De totale hichte fan 'e mûne is 38 m. De stelling is op in hichte fan 14 m en de hichte fan 'e kape 26 m. De flecht is 22,5 m.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: