Springe nei ynhâld

Mûne fan Batenburg

Ut Wikipedy
Mûne fan Batenburg
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plakBatenburg
adresHoefweg
koördinaten51°49'N 5°38'E
bysûnderheden
type mûnestandermûne
funksjenôtmûne
flecht25,5 m m
boujier18e iuw
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer8719
Kaart
Mûne fan Batenburg (Gelderlân)
Mûne fan Batenburg

De mûne fan Batenburg is in standermûne sûnder namme, dy't eastlik fan it stedsje Batenburg yn Gelderlân oan 'e dyk fan 'e Maas stiet.

Om't it argyf fan 'e hearlikheid Batenburg yn 1795 mei it yn brân stekken fan it kastiel fan Batenburg troch de Frânsen ferlern gie, is it boujier fan 'e mûne net mear bekend. Nei alle gedachten waard de mûne yn 'e 18e iuw boud. De mûne wie in twangmûne, itjinge betsjutte dat de boeren út Batenburg en omkriten harren nôt dêr perfoarst mealle moasten. De mûne hearde by it kastiel fan 'e hearen fan Batenburg. Sûnt 1701 wie de famylje Bentheim-Steinfurt eigner fan it kastiel en dus ek fan 'e mûne.

Nei de Dútske kapitulaasje fan 1945 konfiskearre de Nederlânske oerheid yn it ramt fan it beslút Beslút Fijannelik Fermogen it eigendom fan 'e Dútske ealman Viktor-Adolf fan Bentheim en Steinfurt. It lângoed waard mei de mûne yn 1953 oerdroegen oan in freonestifting fan Gelderske kastielen, dy't de mûne yn 1957 ferkocht oan 'e doetiidske mounder. Dy droech de mûne yn 1972 oer oan 'e Feriening De Hollânske Mûne, dy't de mûne yn 1977 en 1996 restaurearje liet.

De mûne is mealree.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: