Mûne fan Backemoor
| Mûne fan Backemoor | ||
| lokaasje | ||
| lân | ||
| lânkring | ||
| plak | Backemoor | |
| adres | Backemoorer Straße 113 | |
| koördinaten | 53°11' N 7°31' E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | stellingmûne | |
| funksje | pelmûne | |
| boujier | 1796, werboud 2020 | |
| Kaart | ||
De mûne fan Backemoor is in stellingmûne yn Backemoor yn 'e gemeente Rhauderfehn yn' e Dútske lânkring Lier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1798 boud nei in lange striid mei de mûnders fan Lier, Collinghorst en Rhaude om't dy benaud wiene foar omsetferlies. De bouwer fan 'e mûne wie Poppe Janssen út it Dútske Esens.
Oarspronklik hie de ûnderbou fan 'e mûne ien ferdjipping, mar yn 1901 waard dy mei twa ferdjippingen ferhege. Yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldkriich waard de mûne op 26 april 1945 troch Dútsk artilleryfjoer yn brân sketten, om 't se tochten dat de hege mûne foar de fijân strategysk fan belang wêze koe. Spoaren fan 'e brân binne noch jimmeroan oan it muorrewurk te werkennen. Al gau waard mei in werbou útein set en yn oktober 1947 waard it heechste punt fan 'e mûne berikt. Op 14 desimber 1949 draaiden de wjukken wer.
By in renovaasje yn 1975 bruts ynienen brân út, dy't de mûne yn in sucht yn in fakkel feroare. Fan 'e mûne bleau allinnich de romp oer. It mûnebedriuw ferhûze nei Lier, dêr't in pear jier earder in part fan it bedriuw al hinne ferhûze wie.
Yn 1991 waard der in stifting oprjochte mei it doel de mûne wer op te bouwen. Tusken 1990 en 2000 waarden de muorren fan 'e romp renovearre en yn 2001 koene dielen fan in ôfbrutsen mûne út Aschendorf oernommen wurde.
Yn 'e simmer fan 2016 begûn de Nederlânske mûneboufirma Vaags & Groot Wesseldijk mei de werbou. Yn ferskillende fazes waard de mûne dêrnei ôfboud en yn juny 2020 draaiden foar it earst sûnt 45 jier de wjukken fan 'e mûne wer.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
