Springe nei ynhâld

Mûne I (Heusden)

Ut Wikipedy
Mûne I
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Heusden
plakHeusden
koördinaten51°44'N 5°08'E
bysûnderheden
type mûnestandertmûne
funksjenôtmûne
flecht24,6 m
boujier1971
oare ynformaasje
eignerGem. Heusden
Webside
molensheusdenvesting.com
Kaart
Mûne I (Noard-Brabân)
Mûne I

Mûne I is ien fan 'e trije standermûnen op 'e bolwurken fan it Noard-Brabânske fêstingsstedsje Heusden.

De mûne waard yn 1971 boud en stiet op it plak, dêr't iuwen lyn ek in standermûne op it mûnebolwurk by de stedshaven stien hat. By de bou waard it materiaal fan in âlde standermûne út Lommel yn Belgje brûkt. Begjin 1972 waard de mûne foltôge en op 22 maart dat jier iepene de doetiidske steatssekretaris Henk Vonhoff de mûne as earste fan 'e trije mûnen dy't doe boud binne.

Mûne I stiet by de dûbele flapbrêge oer de stedshaven. Dy haven waard tichtsmiten doe't de Maas yn 1904 in oare rin krige, mar waard yn 1968 wer rekonstruearre.

Tichteby stiet likernôch 100 m noardlik de standermûne II. Mûne III stiet wat fierder fuort.

De mûne mealt net mear, mar draait wol regelmjittich. As er draait, meastentiids op sneon of snein, kin de mûne besocht wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: