Springe nei ynhâld

Hooglandmole

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mûne Heechlân)
De Hooglandmole yn 2009

De Hooglandmole is in poldermole by it doarp Goutum yn de gemeente Ljouwert.

De Hooglandmole, mei in flecht fan 9,24 m., stie earder mei de Kramersmole flakby it Van Harinxmakanaal by Wurdum, wêr’t se tegearre de polder Wurdumer Nijlân bemealden. Se ferlearen dy funksje lykwols en rekken yn boufallige steat. De Stifting De Fryske Mole, dy’t de beide spinnekopmoles yn 1985/1986 oankocht, besluet se te fersetten nei in lokaasje oan de Swette sawat twa kilometer west fan Goutum en se dêr te restaurearjen. De Hooglandmole wie as earste klear, mar waard yn 1999 troch brânstichting ferwoaste. Ynearsten waard allinnich de ûndertoer fan de mole wer opboud. Mei de restauraasje fan de Kramersmole waard yn 2000 begûn, mar dy waard pas yn 2004 foltôge. Beide moles binne mealree en kinne op ôfspraak besichtige wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]