Springe nei ynhâld

Mûljearring

Ut Wikipedy

Mûljearring is in ferskil fan útspraak yn it Frysk, dêr't opgeande twalûden as 'ja' en 'jo' sein wurde dy't oars yn it Frysk mear as 'wa' en 'wo' sein wurde.

  • wa / ja
    • boartsje: [bṷatsjə] / [bjatsjə]
    • hoanne: [vṷanə] / [vjanə]
    • foar: [fṷar] / [fjar]
    • woarst: [vṷast] / [vjast]
  • wo / jo
    • muorke: [mṷorkə] / [mjorkə]
    • fuotten: [fṷotn] / [fjotn]

Mûljearjen komt oeral wol yn Fryslân foar, mar benammen is it in skaaimerk fan it Wâldfrysk. Mûglik hat dit in feroaring west troch de útspraak fan feanters fan bûten Fryslân. Dy soenen dy foar harren drege Fryske twalûden makliker sein hawwe, wat dêrnei troch de Friezen yn dy gebieten oernaam wêze soe.

Mûljearjen wurdt ek dien troch bern wylst dy de taal oanleare.

Foar it Wâldfrysk wurdt it muljearjen sjoen as in dialektysk ferskynsel. Troch 'wa'-sizzers wurdt it sjoen as in ferkearde útspraak fan it Frysk. It wurdt dan ornaris sjoen as in net-Fryske ynfloed, dy't gjin geef Frysk is.

Oare betsjuttings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under ‘mûljearring’ wurde by útwreiding ek wol in tal fan ferskillende, besibbe ferskynsels beflapt.