Springe nei ynhâld

Mörz (Münstermaifeld)

Ut Wikipedy
Mörz
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkringMayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal± 200
Oar
Postkoade56294
Koördinaten50° 15' N 7° 23' E
Offisjele webside
mm-moerz.de
Kaart
Mörz (Rynlân-Palts)
Mörz

Mörz is in Stadtteil fan Münstermaifeld yn 'e lânkring Mayen-Koblenz yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Hôfpleats.

Mörz stiet bekend om syn goed bewarre boerehôfkompleksen en is hjoed-de-dei in keunstnersdoarp mei ferskillende ateliers yn 'e restaurearre pleatsen.

De oarsprong fan 'e tsjerke fan it doarp giet werom oant de 17e iuw, mar guon parten kinne âlder wêze. Yn 'e 18e en 19e iuw is de tsjerke ferskate kearen renovearre. De tsjerke is wijd oan 'e hillige Wendelinus, de patroanhillige fan boeren en hoeders, itjinge goed past by it agraryske ferline fan Mörz.

Yn it doarp stiet oan 'e Römerstraße it bertehûs fan Joseph Wolf, in ferneamde bisteskilder út de 19e iuw. Yn 2020 waard yn it ramt fan syn 200ste bertedei in plakkette oan it hûs oanbrocht.

By de tagong fan Mörz stiet oan 'e rjochterkant fan 'e Kreisstraße 42 in basaltkrús út it jier 1817.

  • Joseph Wolf (1820–1899), diereskilder
  • Thomas Anders (1963), pop- en schlagersjonger, muzykprodusint (yn Nederlân fral bekend as ien fan it duo Modern Talking.)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mörz (Münstermaifeld) fan Wikimedia Commons.