Springe nei ynhâld

Märtha fan Sweden

Ut Wikipedy
Märtha fan Zweden
aadlik persoan en/of hearsker
Märtha fan Sweden (1929)
Märtha fan Sweden (1929)
echte nammeMärtha Sofia Lovisa Dagmar Thyra fan Sweden
nasjonaliteit  Noarsk
Sweedsk
bertedatum28 maart 1901
berteplakStockholm
stjerdatum5 april 1954
stjerplakOslo
dynastyBernadotte

Märtha Sofia Lovisa Dagmar Thyra fan Sweden (Stockholm Sweden, 28 maart 1901 - Oslo, 5 april 1954), wie in Sweedske prinses. Fan 1929 oant har dea wie hja kroanprinses-gemalin fan Noarwegen.

Märtha wie de dochter fan prins Karel fan Sweden en prinses Ingeborg fan Denemark en in âldere suster fan de lettere Belgyske keninginne Astrid. Op 21 maart 1929 troude hja mei de Noarske kroanprins Olaf. Märtha en Olaf wiene neef en nicht (Märtha's mem wie in suster fan kening Haakon VII) en it houlik betsjutte in ferbettering fan de betrekkingen tusken Noarwegen en Sweden. Fiifentweintich jier earder wie de uny tusken Noarwegen en Sweden opheft, en waard de pake fan Märtha, Oscar II fan Sweden fan de Noarske troan stjitten.

It pear krige trije bern:

Hoewol't it houlik op it earste each in ferstânshoulik like, wie it dochs gelokkich. Yn 1979 sei Olaf V dat de dei fan syn houlik mei Märtha de lokkichste dei fan syn libben wie. Prinses Märtha ferstoar yn 1954 oan de gefolgen fan kanker, trije jier foardat har man kening Haakon VII opfolgje soe.

Märtha fan Sweden
(1901-1954)
Heit:
Karel,
hartoch fan Västergötland

(1861–1951)
Pake:
Oscar II,
Kening fan Sweden & Noarwegen

(1829–1907)
Oerpake:
Oscar I,
Kening fan Sweden & Noarwegen

(1829-1907)
Oerbeppe:
Josephine
fan Leuchtenberg

(1807-1876)
Beppe:
Sophia,
Keninginne fan Sweden & Noarwegen

(1836–1913)
Oerpake:
Willem
fan Nassau

(1792-1839)
Oerbeppe:
Pauline,
fan Württemberg

(1810-1856)
Mem:
Ingeborg fan Denemark
(1878-1958)
Pake:
Freark VIII,
Kening fan Denemark

(1843-1912)
Oerpake:
Kristiaan IX,
Kening fan Denemark

(1818-1906)
Oerbeppe:
Louise,
Keninginne fan Denemark

(1817-1898)
Beppe:
Louise,
Keninginne fan Denemark

(1851-1926)
Oerpake:
Karel XV
Kening fan Sweden & Noarwegen

(1826-1872)
Oerbeppe:
Louise,
Keninginne fan Sweden & Noarwegen,
prinsesse fan Oranje-Nassau

(1828-1871)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:NO