Márton Lőrincz
Appearance
| Márton Lőrincz | ||
![]() | ||
| Márton Lőrincz (1936) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Márton Lőrincz | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 23 oktober 1911[1] | |
| berteplak | Corund | |
| stjerdatum | 1 augustus 1969 | |
| stjerplak | Bariloche | |
| sportive ynformaasje | ||
| sport | Wrakseljen | |
| ûnderdiel | Gryksk-Romeinsk | |
| O.S. | Berlyn 1936 | |
| karriêre-ein | 1939 | |
| wichtige prestaasjes | ||
Márton Lőrincz (Corund, 23 oktober 1911[1] - Bariloche Argentynje, 1 augustus 1969) wie in Hongaarsk wrakselder.
Lőrincz begûn mei wrakseljen doe't er as timmerman yn Transsylvaanje wurke. Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen by it Gryksk-Romeinsk wraskeljen yn de klasse oant 56 kg.
Yn 1938 hold er op mei wedstriidsport en wurke er as trainer. Nei de Twadde Wrâldkriich gie er nei it bûtenlân dêr't er wrakselshows joech yn sirkussen. Yn 1948 fêstige er him yn Argentynje dêr't er in autogaraazje hie en in wrakselskoalle iepene.
Márton Lőrincz ferstoar op 1 augustus 1969, yn 'e âldens fan 57 jier.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

