Springe nei ynhâld

Lytse wylp

Ut Wikipedy
Lytse wylp

In opstoppe mantsje fan 'e lytse wylp yn it Naturalis Biodiversity Center (sammele troch J.H. Albarda by Hallum).
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljesnipfûgels (Scolopacidae)
skaaiwylpen (Numenius)
soarte
† Numenius tenuirostris
Vieillot, 1817
IUCN-status:

De lytse wylp (Numenius tenuirostris) wie in fûgel yn it skaai wylpen (Numenius) út de famylje snipfûgels (Scolopacidae). Yn 2024 publisearren ûndersikers in artikel wêryn't de soarte as útstoarn beoardiele waard. Yn oktober 2025 waard de fûgel ek formeel troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) as útstoarn kategorisearre. It briedgebiet fan 'e soarte wie earder de Sibearyske taigagurdle.

Tekening lytse wylp; út Birds of Europa fan Elizabeth Gould & Edward Lear.

De lytse wylp wie in middelgrutte wylp fan 36 oant 41 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 77–88 sm. Hy wie dêrmei sawat like grut as de wetterwylp (N. phaeopus), mar like wat fearrekleed oanbelanget mear op 'e grutte wylp (N. arquata). Folwoeksen lytse wylpen yn briedkleed wiene foar it grutste part griiseftich brún oan 'e boppekant en mei in wite ûnderrêch en stút. De ûnderkant wie wyteftich mei donkere streken. Op 'e siden hie de lytse wylp rûne of hertfoarmige plakken.

It winterkleed wie wakker itselde, mar mei minder plakken op 'e siden. Mantsjes en wyfkes hiene itselde fearrekleed, mar de wyfkes wienen mei in langere snaffel te ûnderskieden. It juvenile fearrekleed like in soad op dat fan 'e folwoeksen fûgel, mar de siden hiene brune streken. De hertfoarmige plakken ûnstiene earst oan 'e ein fan 'e earste winter.

De iennige bekende briedgefallen fan 'e soarte stamme út de jierren 1909-1925 út in lyts gebiet mei heechfean noardlik fan Omsk (Ruslân). Isotopen-analyse wiisde der op dat it wichtichste briedgebiet fan 'e soarte lykwols yn in smelle stripe yn Kazachstan lei om 'e 50e breedtegraad hinne. Dat gebiet bestiet foar it measte út steppe mei hjir en dêr bosksteppes.

Yn resintere tiden migrearre de fûgel fral nei in Middellânske Seegebiet en Súd-Araabje. Dêrnjonken binne der ek waarnimmingen yn it noardlik part fan 'e Perzyske Golf, yn Koeweit en Irak. Der binne lykwols ek âldere waarnimmingen út oare kriten. Yn in ornitologysk wurdboek fan Gibraltar út 1895 wurdt yndirekt skreaun dat de soarte yn Málaga (Spanje) as trochtrekker waarnommen wie.

Yn Nederlân kaam de lytse wylp allinnich as dwaalgast foar. Der binne njoggen waarnimmingen bekend tusken 1856 en 1947 dy't delsketten of dea fûn waarden. De lêste waarnimming yn Nederlân wie yn 1947 yn 'e sâltsompe fan 'e Boskplaat op Skylge.

Der is net in soad bekend oer it briedgedrach fan 'e soarte. De pear nêsten dy't fûn binne, hiene hieltiten fjouwer aaien.

De lytse wylp socht syn iten fral troch mei de snaffel yn it slyk te prikken om lytse [Wringeleazen|wringeleaze dieren]] te finen, mar hy pikte ek lytse proaien fan it oerflak as dy der wiene. Bûten de briedtiid libbe de fûgel tige sosjaal mei oare besibbe soarten, lykas de gewoane wylp.

Nei in lang skoft fan stadige delgong wie de soarte al tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw tige seldsum. Doe waard it oantal fûgels op minder as 50 rûsd. De lêste wisse waarnimming wie yn 1995 yn Marokko. It lêste goed dokumintearre nêst waard yn 1924 by Tara yn 'e oblast Omsk fûn. Sûnt bleaune de briedgebieten ûnbekend, ek al wiene der ferskillende sykaksjes organisearre. De efterútgong fan 'e fûgel waard benammen dúdlik trochdat de oerwinterjende fûgels op lokaasjes yn Marokko net mear kamen, wylst se der earder regelmjittich sjoen waarden.

De oarsaken fan 'e ûndergong fan 'e soarte binne ûnwis. Sawol de jacht as habitatferlies wurde as oarsaken neamd. Der binne meldingen fan jacht op 'e fûgel oant yn 'e jierren 1980 yn 'e sompen fan Merja Zerga yn Marokko, ien fan 'e lêste wintergebieten fan 'e soarte. Mooglik waard de jachtdruk noch grutter doe't de fûgel seldsumer waard om sa de fûgelhûden te ferkeapjen. It is bekend dat de hûden op merken yn Itaalje en yn oare dielen fan Súd-Europa ferhannele waarden. It mooglike briedgebiet fan 'e fûgel op 'e Kazachske steppes waard yn 'e jierren 1950 grutskalich omset yn lânbougebiet foar de bou fan weet. Dat feroarsake in delgong foar in soad lânseigen fûgelsoarten lykas nei alle gedachten ek de lytse wylp, al liket it der op dat de ôfnamme fan 'e populaasje al tsientallen jierren foar dy lânboukampanje útein sette. De omsetting fan habitat yn lânbougrûn wie al sûnt de 19e iuw oan 'e gong, ek yn wiete gebieten yn oerwinteringsgebieten lykas Marokko of Hongarije.

De lêste wisse waarnimming op 23 febrewaris 1995 by Merja Zerga yn Marokko wurdt algemien as de lêste offisjeel befêstige waarnimming fan in libbene fûgel beskôge. Hoewol't der yn 'e jierren dêrnei noch wolris mooglike waarnimmingen west ha, is der nea wer in foto of in oar bewiis levere. Dêrom hat de IUCN yn 2025 ek de formele status "útstoarn" (Extinct) takend: de soarte is no definityf fan 'e list fan libbene soarten helle.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: