Lytse wurger
| lytse wurger | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lanius minor | ||||||||||||
| Gmelin, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedfûgel wintergast |
De lytse wurger (Lanius minor) is in fûgel dy't heart ta de famylje fan 'e wurgerfûgels. Hy briedt yn eastlik Jeropa en westlik Aazje, mar ek op it Ibearysk skiereilân. Om te oerwinterjen trekt er nei súdlik Afrika. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt as net bedrige beskôge.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lytse wurger is in middelgrut (19–21 sm) lid fan 'e famylje. Mei in swart, wyt en griis fearrekleed en in wyt plak op 'e primêre hânfearren liket er op 'e skatekster, mar hy hat in swarte foarholle (by it wyfke wat smeller). De sturt is ek koarter en de wjukspiten op de sitrende fûgel binne langer. It boarst en de bûk binne skier salmroze.
In juvenyl hat boppe in fyn skobbich patroan op 'e fearren en gjin swarte foarholle. De juvenyl kriget yn it earste winterkleed it folwoeksen fearrekleed, mar hat dan noch gjin swart gesicht.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse wurger is in trekfûgel dy't briedt fan súdeastlik Jeropa en it Ibearysk skiereilân, fierder eastlik oant Sibearje en Sintraal-Aazje. Hy oerwinteret yn súdlik Afrika. De fûgel wurdt of as monotypysk behannele, of opdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
- Lanius minor minor – fan noardeastlik Spanje en súdlik Frankryk, Itaalje nei it easten ta oant it Oeralberchtme.
- Lanius minor turanicus – fan it Oeralberchtme nei it Russyske Altai en noardwestlikste part fan Sina (noardwestlik Xinjiang).
De fûgel wurdt as dwaalgast waarnommen yn westlik Jeropa, meastal yn 'e maitiid.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse wurger hat in foarkar foar iepen leechlân. Hy jaget fan in strategyske útsjochpost, fan elektrisiteitstriedden of fan in tûke en libbet benammen fan ynsekten lykas flinters, grutte miggen en gaanders dy't er yn 'e flecht of op 'e grûn fangt. Yn mindere mjitte yt er fruchten. De lytse wurger spytst syn proaien bytiden op stikels, mar folle minder as in soad oare wurgers. Hy hat dy oanstried allinnich as der in grutte beskikberens fan iten is, wat selden it gefal is.

It nêst wurdt leafst boud yn in beam dy't allinne stiet mei in goed sicht op 'e omkriten. It plak fan it nêst is sawat 4 oant 10 meter boppe de grûn en wurdt troch beide âlden boud fan plantemateriaal en ôfset mei wol, hier, woartels en fearkes. In lechsel bestiet út fiif oant sân aaien dy't faak blau-grien binne mei grienbrune plakken. Somtiden kinne se ek krêm- of sânkleurich wêze mei rôzebrune plakken. De aaien mjitte yn trochsneed 26,1 x 18,2 mm. Se briede tegearre, mar it wyfke docht dat it measte, en de jongen komme nei likernôch fyftjin dagen út. Beide âlden fuorje de jongen, dy't nei sawat fjirtjin dagen nei it útkommen útfleane. De lytse wurger leit ornaris ien lechsel per briedseizoen.
Status en bedrigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse wurger hat in wrâldpopulaasje dy't rûsd wurdt op tusken 1,4 en 2,9 miljoen folwoeksen fûgels en de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Dêrom klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De ûntwikkelingstrend fan 'e wrâldpopulaasje is lykwols negatyf. De tebekgong kin te krijen hawwe mei wietere simmers, wat de hoemannichte ynsekten ferminderet. In oare faktor kin de skaalfergrutting yn 'e lânbou wêze, wêrby't de lytse ikkers dêr't de lytse wurger fan ôfhinklik is omset wurde yn gruttere stikken lân. Om dy reden is de soarte opnommen as bedrige yn 'e Fûgelrjochtline fan 'e EU.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Wurger
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Monako
