Lytse tropengint
| lytse tropengint | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Sula sulita | ||||||||||||
| Stucchi, 2003 | ||||||||||||
| útstoarn (fossyl) | ||||||||||||
De lytse tropengint (wittenskiplike namme: Sula sulita) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dizze fûgel libbe yn it Mioseen yn it doetiidske Perû.
Lokaasje en datearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan 'e lytse tropengint binne yn 1998 en 2000 troch in M. Urbina opgroeven yn 'e Piscoformaasje, in rotsformaasje oan 'e súdlik-sintrale Pasifyske kust fan Perû, tusken de stêden Pisco yn it noarden en Chala yn it suden. It krekte fynplak wie Nivel Montemar, yn 'e neite fan Lomas. De grûnlaach wêryn't de fossilen oantroffen waarden, datearre út it Let-Mioseen. Der wurdt sadwaande ornearre dat de lytse tropengint libbe fan likernôch 7,2 miljoen oant 5,3 miljoen jier lyn.
| De lizzing fan Nivel Montemar yn Perû. | ||
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse tropengint waard foar it earst yn 2003 wittenskiplik beskreaun troch de Perûviaanske paleöntolooch Marcelo Stucchi. It soartspesifike diel (sulita) fan 'e wittenskiplike namme Sula sulita is de Spaanske ferlytsingsfoarm fan Sula. De namme betsjut dus: "lytse tropengint". It holotype bestiet út in ravensbeksbonke fan 'e rjochterside fan it lichem sûnder de boarstbonkeregio. It paratype is it distale diel (it diel dat it fierst fan 'e romp ôf sit) fan in boppe-earmbonke.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse tropengint wie in tige lytse soarte tropengint, dy't 10% oant 15% lytser wie as de hjoeddeistige readpoatgint (Sula sula). Dizze fûgel wie kwa grutte ferlykber mei Willetts gint (Morus willetti), in soarte út besibbe skaai fan 'e ginten (Morus) út it Let-Mioseen fan Kalifornje, dy't yn 1925 beskreaun waard troch de Amerikaanske paleöntolooch Loye H. Miller.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |