Lytse trap
| lytse trap | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje yn briedkleed | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tetrax tetrax | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lytse trap (Tetrax tetrax) is in fûgel út 'e famylje fan 'e trappen (Otididae). De soarte komt foar op steppes, ekstinsyf brûkte lânbougrûn en braaklizzende terreinen op it Ibearysk Skiereilân, yn Frankryk, Itaalje, Sardynje, op 'e Balkan, yn Marokko en fan Sintraal-Aazje oant it Altaiberchtme. Om't de lytse trap yntinsyf brûkte lânbou mijt, is it tal de ôfrûne desennia sterk tebekrûn. Yn Nederlân is de lytse trap in seldsume dwaalgast.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lytse trap is 40–45 sm lang, hat in spanwiidte fan 83 oant 91 sm en weaget likernôch 900 gram. It mantsje hat yn 'e briedtiid in grize kop, in swart-wite halsbân, in wite búk en in brún tekene rêch. By it wyfke, de jonge fûgels en it mantsje yn 'e winter ûntbrekt de swart-wite halsbân. It wyfke is sterker tekene as it mantsje yn 'e winter en liket dêrtroch donkerder.
Lytse trappen fleane fluch, wêrby't de wjukken by it opfleanen in soad leven meitsje, lykasas by hineftigen. De flecht wurdt karakterisearre troch ûndjippe wjukslaggen, yn tsjinstelling ta de folle gruttere grutte trap, dy't in stadige en treftige flecht hat. De wjukken binne foar it grutste part wyt, mei in swarte efterrâne en in kommafoarmich plak.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse trap komt fan súdwestlik Europa en noardwestlik Afrika oant Sintraal-Aazje foar. It leefgebiet bestiet út frij drûge, ekstinsyf bewurke greide mei in mozayklânskip besteande út nôtfjilden, braaklizzend lân, greidlân, lege begroeiïng.
Foarkommen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân is de lytse trap in tige seldsume dwaalgast, dy't meast yn 'e hjerst waarnommen wurdt.
Balts en brieden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn maaie of juny set it mantsje ûnder de balts syn kraach fan halsfearren op en spriedt de sturt wiid út. Tagelyk lit er de wjukken hingje, dêr't er mei klapperet en in ratteljen en knetterjend lûd mei makket. Dêrnjonken makket er koarte, klapwjukjende hippen yn 'e loft. By de lytse trap spilet it swart-wite halspatroan fan it mantsje in wichtige rol by de balts.
It nêst bestiet út in ûndjippe kûle op 'e grûn mei mar in bytsje nêstmateriaal. Dêryn leit it wyfke twa oant fjouwer brúngriene aaien, dy't yn 20 oant 21 dagen útbret wurde. It mantsje bewekket it nêst. Nei't de piken útkommen binne, ferlitte se fuortendaliks it nêst.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse trappen ite benammen blêden fan steppeplanten. Dêrnjonken bestiet har iten út knoppen, sied, gaanders, krobben en oare wringeleaze bisten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte giet yn tal efterút. Dat komt benammen trochdat it leefgebiet fragmintearre rekket troch bebouwing en de oanlis fan ynfrastruktuer, mar ek troch feroarings yn 'e lânbou. Ekstinsyf brûkte lânbougrûn wurdt op grutte skaal omset yn yntinsive feehâlderij of yntinsive ikkerbou. Dêrfandinne wurdt de lytse trap as gefoelich (Near Threatened, 2018) op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse trap
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje

