Lytse túfearn
| Lytse túfearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Nisaetus nanus | ||||||||||||
| (Wallace), 1868 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De lytse túfearn of lytse toefearn (Nisaetus nanus) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) binnen it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). Dizze Súdeast-Aziatyske fûgel komt foar yn leechlânbosken fan Birma oant Sumatra en Borneo. De soarte rint yn oantallen tebek as gefolch fan ûntbosking.
Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lytse túfearn is in lytse earn mei in lichemslingte fan sawat 43 oant 58 sm en in spanwiidte fan 95 oant 105 sm. De siden fan 'e kop binne readbrún mei swarte streken. De donkere túf hat in brede wite punt en op 'e sturt binne trije donker bannen te sjen. De basis fan 'e slachpinnen oan 'e ûnderkant fan 'e wjuk is bêzje-wyt mei oer de hiele wjuk in pear donkere bannen, wylst de dekfearren fan wjukken in waarmere gielbrune kleur hawwe en donkere streekjes ha. De iris is giel, de snaffel is griis en de poaten binne giel.
De besibbe Blyths túfearn (Nisaetus alboniger) is in slach grutter, hat mar in hiel smel wyt puntsje oan 'e túf en in swarteftige sturt mei mar ien brede, ljochtgrize bân yn 'e midden. De ûnderkant fan 'e wjuk is by de Blyths túfearn boppedat mear witich mei dikkere swarte streken op 'e dekfearren, en de side fan syn kop is donker.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn de fochtige tropyske en subtropyske leechlângebieten fan Súdeast-Aazje en wurdt opdield yn twa ûndersoarten mei it folgjende ferspriedingsgebiet:
- N. n. nanus – komt foar fan it suden fan Birma en Tailân oant op it Malakka-skiereilân, Sumatra en Borneo.
- N. n. stresemanni – komt foar op it eilân Nias foar de kust van Sumatra, dêr't de fûgel hjoed-de-dei lykwols tige seldsum is.
De fûgel komt nei alle gedachten ek foar op it eilân Siberut foar de kust fan Sumatra.
Skaai-yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earnen út it skaai Nisaetus waarden earder ta it skaai Spizaetus rekkene, mar DNA-ûndersyk hat útwiisd dat dizze twa groepen genetysk net nau oaninoar besibbe binne.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse túfearn is in stânfûgel yn tichte, grienbliuwende wâlden yn leechlângebieten oant in hichte fan 1.000 meter boppe de seespegel. De fûgel is ek waarnommen yn kapte boskgebiet op Sumatra en Borneo, wat derop wize kin dat er him ek yn fersteurd habitat libje kin. De fûgel briedt nei alle gedachten tusken desimber en maart. Oer it nêstbeslach is neat bekend, mar by bekende nêsten wie der mar sprake fan ien pyk.
Der wurdt fan útgien dat de lytse túfearn foaral fan fûgels libbet, mar ek flearmûzen, iikhoarntsjes, rotten en hagedissen binne as proai fêstgesteld. Hoe't er krekt jaget is noch net hielendal bekend, mar tocht wurdt dat dit oerienkomt mei syn sibben: troch hiel stil yn of oan 'e râne fan it bosk op in tûke te sitten en fan dêrút in flugge útfal te dwaan. Hoewol't se faak yn pearen sjoen wurde, jaget de lytse túfearn foaral allinnich en net tegearre.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet, mar de populaasje is lyts en rint boppedat tebek troch grutskalige ûntbosking. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as kwetsber (Vulnerable). De wrâldpopulaasje waard yn 2000 tusken de 2.500 en 10.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike soartnamme nanus betsjut "dwerch". De fûgel wurdt yn it Ingelsk ek wol Wallace's Hawk-Eagle neamd, as earbetoan oan Alfred Russel Wallace dy't de soarte foar it earst wittenskiplik beskreaun hat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
