Springe nei ynhâld

Lytse swartwjukljip

Ut Wikipedy
lytse swartwjukljip
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljewilsterfûgels (Charadriidae)
skaailjippen (Vanellus)
soarte
Vanellus lugubris
Lesson, 1826
IUCN-status: net bedrige

De lytse swartwjukljip (Vanellus lugubris) in fûgel yn it skaai ljippen (Vanellus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De lytse swartwjukljip waard wittenskiplik beskreaun troch René Primevère Lesson yn 1826. De wittenskiplike soartenamme lugubris betsjut "fertrietlik", fan it Latynske lugere, "treurje".

Lytse swartwjukljippen binne 26 oant 28 sm slanke ljippen. Se ha in soad fan 'e grutte swartwjukljip (Vanellus melanopterus), mar binne lykas de namme seit lytser en slanker en ha langere poaten. Ek ha se in dúdliker markearre, mar lytser wyt plak op 'e foarholle en in smellere swarte boarstbân. Fierder ha se net lykas de grutte swartwjukljip in opfallende reade eachring en yn 'e flecht is it ferskil mei de grutte swartwjukljip dat de lytse swartwjukljip minder swart en mear wyt oan 'e wjukken hat.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse swartwjukljip kom foar op 'e Afrikaanske savannes ûnder de Sahara yn 'e folgjende gebieten:

De soarte wurdt as monotypysk behannele, wat sizze wol dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is. Earder is de soarte ek yn it skaai Hoplopterus of Stephanibyx set. De fûgel is nau besibbe oan 'e grutte swartwjukljip, mar ferskilt yn uterlik en hâlden en dragen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel wurdt yn drûch, iepen lânskip oantroffen en yt lytse wringeleazen lykas ynsekten en harren larven, benammen krobben, mar ek gerssied. It is registrearre dat er ek nachts foerazjearret. It briedseizoen fan 'e fûgel ferskilt sterk tusken de geografyske gebieten.

It ferspriedingsgebiet is relatyf grut en der is gjin sicht op 'e trend fan 'e populaasje. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) beskôget de fûgel as net bedrige (Least Concern).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: