Springe nei ynhâld

Lytse stirns

Ut Wikipedy
lytse stirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaailytse stirnzen (Sternula)
soarte
Sternula albifrons
Pallas, 1764
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     trekfûgel

     stânfûgel
     wintergast


De lytse stirns (Sternula albifrons) is in fûgel yn it skaai lytse stirnzen (Sternula) út de famylje seefûgels (Laridae).

Lytse stirns yn winterkleed.

In folwoeksen lytse stirns weaget trochstrings 45 gram, wurdt 21 oant 25 sm lang en hat in spanwiidte fan 41 oant 47 sm. De soarte hat lange smelle wjukken, tige flugge wjukslaggen en in lange, smelle snaffel. Simmerdeis ha folwoeksen fûgels in giele snaffel mei in swarte punt, oranjegiele poaten, in swarte kroan en in swart eachmasker. Tusken de swarte kroan en it eachmasker sit in wyt kylfoarmich plak op 'e foarholle.

Yn it winterkleed hat de fûgel in swarte snaffel en binne de poaten mindere kleure. Ek is in grut part fan it swarte eachmasker en it foarste diel fan de swarte kroan ferdwûn, sadat it gesicht folle witer is.

De lytse stirns komt foar oan kusten en oan gruttere binnenwetters yn Europa en tropyske en tuskenbeide gebieten yn Aazje, Afrika en Austraalje. It is in trekfûgel dy't oerwinteret op subtropyske en tropyske oseanen yn it suden fan Afrika en Austraalje. De fûgel briedt op sânstrannen en drûchfallen platen yn kustgebieten of grutte rivieren en oar binnenwetter.

Der wurde fiif ûndersoarten erkend:[1].

Oan it begjin fan 'e jierren 1960 brieden yn Nederlân likernôch 900 pearkes fan 'e soarte. Troch wetterfersmoarging yn it binnenwetter dat ek yn 'e Noardsee kaam en fersteuring fan it briedgebiet troch minsken sakken de oantallen oant mar 100 pearkes yn 1967. Mei de ferbettering fan 'e wetterkwaliteit ferbettere de stân, mar dy kin wol sterk fluktuearje. Yn 2023 briede it heechste oantal pearkes (± 1030) yn Nederlân sûnt 50 jier. Fan 'e fûgels yn Nederlân briede yn 2023 56% yn it Waadgebiet (eilannen) en 41% yn 'e delta fan Súdwest-Nederlân. Fierder briede der yn 'e Markermar in oantal pearkes.[2]

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lytse stirns mei pyk.

It dieet fan 'e fûgel bestiet út fisk, garnalen, wjirms, ynsekten en skulpdieren, wêrfoar't er fan in grutte hichte yn it wetter dûkt.

In lechsel bestiet út twa sânkleurige oant gielbrune aaien, mei donkerbrúne plakken. Beide skaaien briede de aaien út.

De lytse stern hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrom wurdt de soarte net as bedrige beskôge. De wrâldpopulaasje waard yn 2015 op 190.000–410.000 fûgels rûsd. De oantallen nimme ôf troch degradaasje fan it habitat, fral wat nêstplakken oanbelanget. Kustgebieten wurde mei ynfrastruktuer ûntwikkele of yntinsyf brûkt foar rekreaasje. De lytse stirns (en de nau besibbe Saunders' lytse stins en Amerikaanske lytse stirns) binne útsûnderlik gefoelich foar fersteuring. De ôfname fan 'e soarte is minder as 30% yn 'e 10 jier (minder as 3,5% yn 't jier) en dêrfandinne wurdt de lytse stirns as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre op 'e Reade list fan 'e IUCN. De lytse stern wurdt beskerme ûnder it AEWA- ferdrach.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: