Springe nei ynhâld

Lytse sjouwerman

Ut Wikipedy
lytse sjouwerman
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus fuscus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     stânfûgel
     wintergast

De lytse sjouwerman (Larus fuscus) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae)

Fleanende lytse sjouwerman.

De lytse sjouwerman is in 53 sm lange fûgel mei in laaigrize mantel en dêrmei ûnderskiedt de soarte him fan 'e like grutte sulvermiuw, dy't ljochtgriis is. Fierder hat de fûgel in giele snaffel en giele poaten, oars as de folle gruttere grutte sjouwerman, dy't rôze poaten hat.

Yn totaal wurde fiif ûndersoarten erkend:

Yn Nederlân briedt de soarte sûnt 1926. Foar in hiel skoft bleau de fûgel in seldsume soarte en yn 'e jierren 1960 gyng it mar om likernôch 80 pearkes. Nei 1970 woeksen de oantallen tige rap oant likernôch 100.000 pearkes yn 2010. De grutste konsintraasjes fan 'e soarte binne oan 'e kust en op 'e Waadeilannen, yn it binnenlân is de lytse sjouwerman minder faak te sjen. Oarspronklik wie de fûgel allinnich in simmergast, mar hjoed-de-dei wurdt de fûgel ek winterdeis yn lytse oantallen sjoen. Yn 2024 waard it oantal briedpearkes op 82.500 oant 86.000 rûsd. Op 'e Maasflakte libbet in koloanje fan tsientûzenen fûgels, dat mooglik de grutste Europeeske koloanje is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lytse sjouwermantsjes ite fral fisk en krabben. Se foerazjearje ek op it lân en ite ek ynsekten en bistjes. De fûgel briedt yn koloanjes oan 'e kust en yn guon lannen ek op dakken yn stêden. It nêst is in kûltsje yn 'e grûn en dêr wurde twa of trije aaien yn lein.

BirdLife International rûsde de Europeeske populaasje yn 2015 op 788.000 oant 920.000 folwoeksen fûgels. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list en oannommen wurdt dat de populaasje groeit.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: