Springe nei ynhâld

Lytse prêrjemiuw

Ut Wikipedy
lytse prêrjemiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaigriiswite kobben (Leucophaeus)
soarte
Leucophaeus pipixcan
Wagler, 1831
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De lytse prêrjemiuw of Franklinmiuw (Leucophaeus pipixcan) is in lytse miuw. De skaainamme Leucophaeus komt út it Aldgryksk: leukos ("wyt") en phaios ("donker"). De soartnamme pipixcan is in Nahuatl-namme foar in soarte miuw. De namme Franklinmiuw waard jûn ta oantins fan 'e poalûndersiker John Franklin, dy't yn 1825 in ekspedysje late wêrby't it type-eksimplaar sammele waard.

Winterkleed.

It simmerkleed fan 'e folwoeksen fûgel is wyt, mei neffens oare miuwen fan 'e selde grutte in rêch en wjukken dy't tige donkergriis binne. De wjukken hawwe swarte punten en efter in wite bân. De snaffel en poaten binne read. Winterdeis is de swarte kap fan 'e briedende fûgel foar it grutste part ferdwûn.

Jonge fûgels lykje op 'e folwoeksenen, mar hawwe in minder ûntwikkele kap en misse de wite wjukbân. Se dogge der trije jier oer om folwoeksen te wurden.

  • Lingte: 32–36 sm
  • Gewicht: 230–300 g
  • Wjukspanwiidte: 85–95 sm

Hy briedt yn 'e sintrale provinsjes fan Kanada en oanbuorjende steaten fan 'e noardlike Feriene Steaten. It is in trekfûgel dy't winterdeis yn Argentynje, de Kariben, Sily en Perû libbet.

Hoewol't de fûgel ûngewoan is oan 'e kusten fan Noard-Amearika, komt er as in seldsume dwaalgast foar yn noardwestlik Jeropa, súdlik en westlik Afrika, Austraalje en Japan, mei in inkelde waarnimming yn Eilat (Israel) yn 2011 en in inkelde waarnimming yn Larnaca (Syprus) yn july 2006. Begjin 2017 waard de soarte ek sjoen yn súdlik Roemeenje.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lytse prêrjemiuwen.

Se binne omnivoaren, lykas de measte miuwen; se sykje nei ôffal en ek nei lytse proaien. Yn 'e maitiid driuwe grutte groepen op rivieren, lykas de Bow River, mei de stream mei, wylst se de útkommende ynsekten fan it wetteroerflak pikke. It gedrach om in stik rivier ôf te driuwen wurdt hieltyd wer op 'e nij dien. Yn it briedseizoen fange se ynsekten yn 'e flecht en sykje se op 'e grûn of ek yn it wetter nei ynsekten.

De fûgels briede yn koloanjes tichteby prêrjemarren, wêrby't it nêst op 'e grûn boud wurdt, of somtiden driuwend op it wetter. De twa of trije aaien wurde yn likernôch trije wiken útbret.

Dizze soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje dy't op it stuit tanimt. Dêrom is er op 'e Reade List fan 'e IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). Wetlands International rûsde de wrâldpopulaasje yn 2018 op 1.000.000 oant 1.490.000 yndividuen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: