Springe nei ynhâld

Lytse miuwen

Ut Wikipedy
lytse miuwen
Dwerchkob (Hydrocoloeus minutus)
Dwerchkob (Hydrocoloeus minutus)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:seefûgels (Laridae)
skaai:lytse miuwen (Hydrocoloeus)
Kaup, 1829
Soarten
1 soarte: Dwerchkob (Hydrocoloeus minutus)

It skaai lytse miuwen (Hydrocoloeus) is in fûgelskaai binnen de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). De namme is ôflaat fan it 'Grykske hydōr ("wetter") en koloeos ("kob"). It skaai bestiet op it stuit mar út ien erkende soarte: de lytse kob of dwerchkob (Hydrocoloeus minutus).

De lytse kob is de lytste miuwesoarte fan 'e wrâld. It skaai ûnderskiedt him fan oare kobben troch in kombinaasje fan in lytse lichemsgrutte, in relatyf koarte snaffel en in spesifike wjuktekening.

De lytse kob hat in ferspriedingsgebiet dat fan Noard-Europa oant yn Sibearje foarkomt. Se briede benammen by sompen, ûndjippe marren en yn grutte feangebieten. Winterdeis binne se mear te finen yn kustgebieten, wêrby't se faak op iepen see foarkomme.

Lange waard de soarte as Larus minutus klassifisearre. Nei resint genetysk ûndersyk nei de fylogeny fan 'e seefûgels (ûnder oare Pons et al., 2005), is de soarte definityf ûnderbrocht yn it eigen skaai Hydrocoloeus.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeBriedgebietIUCN-status
dwerchkobHydrocoloeus minutusNoard-Jeropa en Sibearje (sompen en marren)net bedrige[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: