Springe nei ynhâld

Lytse marabû

Ut Wikipedy
Lytse marabû
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifteiberteftigen (Ciconiiformes)
famyljeeibertfûgels (Ciconiidae)
skaaimarabu's (leptoptilos)
soarte
Leptoptilos javanicus
Horsfield, 1821
IUCN-status: gefoelich

De lytse marabû (Leptoptilos javanicus) is in grutte fûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels (Ciconiidae). Hoewol't er nau besibbe is oan 'e gruttere Yndyske marabû, is de soarte in slach lytser en hat er in folle grutter ferspriedingsgebiet, dat him útstrekt oer grutte dielen fan Súd- en Súdeast-Aazje.

De lytsee marabû hat in hichte fan likernôch 110 oant 120 sintimeter en in spanwiidte fan sa’n 210 sintimeter. Hy is dêrmei de lytste fan 'e trije marabû-soarten. De snaffel is grut en kylfoarmich, mar minder massyf as dy fan syn gruttere sibben. In wichtich ferskil is dat dizze soarte gjin opblaasbere kielsek hat. De kop is fierhinne keal mei in gielige hûd, wylst de nekke faak wat tinne, hier-eftige fearren hat. De rêch en de wjukken binne glânzjend swart-griis, en it boarst en de búk binne folslein wyt.

Lytse marabû yn 'e Sundarbans.

De fûgel komt foar yn in grut gebiet dat rint fan Yndia en Sry Lanka oant Súd-Sina, Maleizje en de Yndonezyske eilannen Java en Borneo. Hy jout de foarkar oan sompige kustgebieten, mangroves, oerstreamde greiden en iggen fan rivieren. Oars as de oare marabû's, wurdt dizze soarte net sa faak yn 'e buert fan minsklike delsettings of op jiskebulten sjoen; hy is in stik skouwer.

De lytse marabû is in echte jager en iesiter. Syn dieet bestiet benammen út fisk, kikkerts, grutte ynsekten, kreefteftigen en lytse reptilen. Hy wurdt faak allinnich of yn lytse groepen sjoen wylst er stadich troch it ûndjippe wetter rint op 'e strún nei proaien.

De fûgels briede yn koloanjes, faak yn hege beammen yn sompige bosken. In lechsel bestiet meastal út twa oant trije wite aaien. De briedtiid duorret likernôch 28 oant 30 dagen. Beide âlden fersoargje de piken, dy't nei sa'n trije oant fjouwer moannen it nêst ferlitte.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat de lytse marabû de status kwetsber (Vulnerable). Hoewol't it ferspriedingsgebiet grut is, nimme de oantallen oeral ôf en yn in grut part fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet is de soarte nei alle gedachten útstoarn. De grutste bedrigingen binne habitatferlies troch it kapjen fan mangroves en it drûchlizzen fan sompen foar lânbou en garnalekwekerijen. Ek is de fûgel tige gefoelich foar fersteuring troch minsken by de briedplakken. Yn guon gebieten wurde de aaien en piken út it nêst helle foar konsumpsje. Beskermingsprojekten yn lannen lykas Kambodja en Yndia rjochtsje har op it feilichstellen fan briedgebieten en it foarkommen fan fersteuring troch de lokale befolking.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: