Lytse kob
| lytse kob | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Simmerkleed | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Chroicocephalus philadelphia | ||||||||||||
| Ord, 1815 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
winterfûgel trekfûgel |
De lytse kob (Chroicocephalus philadelphia, synonym: Larus philadelphia) is in fûgel út de famylje fan 'e kobben (Chroicocephalus). De fûgel komt foar yn Noard-Amearika. Hoewol't de lytse kob in bekende ferskining is yn Noard-Amearika, is er biologysk sjoen ien fan 'e minst bekende miuwesoarten wat it briedgedrach oanbelanget.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lytse kob is 31 oant 34 sm lang en hat in wjukspanwiidte fan 79 oant 84 sm en is ien fan 'e lytste miuwesoarten. De fûgels hawwe in swarte kap en in tinne swarte snaffel. De rest fan it lichem is foar it meastepart ljochtgriis mei in wite ûnderkant. De slachpinnen fan 'e grize wjukken ha swarte punten. De poaten binne oranjeread. Winterdeis wurdt de kop wyt fan kleur mar in plak by it ear bliuwt donker.
Juvenilen ha ek brún op 'e wjukken en in swarte einbân op 'e sturt.
Fersprieding en habitat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels briede yn 'e buert fan sompen en marren by nullebosken, fan it súdwesten fan Alaska oant yn it súdeasten fan Kanada.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse kob is de iennige miuwesoarte dy't geregeldwei – hast altyd – yn beammen nêstelt. Se meitsje harren nêsten heech yn nullebeammen, goed ferburgen tusken de tûken yn 'e taiga en boreale bosken. Dizze kombinaasje fan brieden op grutte breedtegraden, yn beammen en yn in tige fersprate koloanjefoarm, makket de soarte foar wittenskippers lestich te bestudearjen.
De lytse kob is in trekfûgel dy't alle jierren nei kustwetter fleant, sawol oan 'e east- as oan 'e westkust. In pear kear is de fûgel yn West-Jeropa waarnommen, dêr't er maklik betize wurde kin mei de gewoane kob.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net bekend hoe grut de populaasje is, mar de populaasje groeit. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status 'net bedrige'.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Kob
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko
- Lânseigen fauna yn de Karibyske See

