Springe nei ynhâld

Lytse iismiuw

Ut Wikipedy
lytse iismiuw
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaimiuwen (Larus)
soarte
Larus glaucoides
Meyer, 1822
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     trekfûgel

     wintergast
     wintergast (seldsum)


De lytse iismiuw of lytse iiskob (Larus glaucoides) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae).

Simmerdracht.

Lytse iismiuwen binne frij grutte miuwen mei in lingte fan 50–66 sintimeter, in spanwiidte fan 115–140 sm en in gewicht fan 820–1.100 gram. De soarte hat in ljocht fearrekleed en gjin swarte markearrings op 'e wjukken of sturt. De fûgel is lytser en hat in tinnere snaffel as de folle gruttere grutte iismiuw en is ek meast lytser as de sulvermiuw. Hy kriget it folwoeksen fearrekleed yn it fjirde jier.

Tusken de ûndersoarten glaucoides, kumlieni en thayeri binne ferskillen yn 'e markearing fan 'e haadslachpinnen.

Folwoeksen fûgels binne tige ljochtgriis fan boppen, wyt fan ûnder, hawwe donkerrôze poaten, in gielgriene snaffel en in folslein wite kop yn 'e simmer. Winterdeis is de lytse iismiuw meast witich mei in ljochtgrize rêch en wjukken. De kop, kiel en it boarst ha griisbrune streken.

De lytse iismiuw briedt yn 'e Arktyske regio's fan Kanada en Grienlân. De noardlikste populaasjes binne trekfûgels en oerwinterje yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan oant de Britske Eilannen en de noardlikste steaten fan it eastlike diel fan 'e Feriene Steaten. In pear fûgels oerwinterje ek op 'e Grutte Marren. Guon populaasjes dy't fierder nei it suden briede, lykas op Grienlân, migrearje nei it briedseizoen nei de kust.

Wjukken neffens ûndersoarte.

De soarte wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Larus glaucoides glaucoides (nominaatsoarte): briedt op súdlik en westlik Grienlân. Winterdeis komt er foar oant yn it suden fan Noard-Europa.
  • Larus glaucoides kumlieni: briedt yn noardeastlik Kanada, op Baffin Island en it noardwestlike Ungava-skiereilân. De fûgel oerwinteret nei it suden ta oant it noarden fan 'e Feriene Steaten.
  • Larus glaucoides thayeri – briedt fan 'e Hudsonbaai oant westlik Grienlân. Hy oerwinteret yn westlik Noard-Amearika.

De ûndersoarte glaucoides briedt sûnt 1900 hinne allinnich op Grienlân, mar kaam earder ek fierder westlik foar yn heech-Arktyske gebieten fan Kanada.

De ûndersoarte thayeri waard oant koartlyn faak as in aparte soarte behannele, mar út ûndersyk die bliken dat de stúdzje dy't dêrta oanlieding joech in oantal wittenskiplike flaters hie. Dêrom wurdt de soarte no meastentiids as in ûndersoarte fan 'e lytse iismiuw beskôge.

Yn 'e 19e iuw hat de soarte mooglik op Jan Mayen, Nova Sembla en yn noardwestlik Ruslân bret. De nominaatfoarm is in regelmjittige wintergast op Yslân, mei lytsere oantallen op 'e Fêreu-eilannen, de Britske Eilannen en Skandinaavje. Yn Nederlân binne der tusken novimber en healwei maart út en troch waarnimmingen fan meast jonge fûgels oan 'e kust.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Winterkleed.

De lytse iismiuw briedt yn koloanjes of allinnich op rotskusten, yn fjorden mei steile kliffen en op lege eilannen. De soarte bout it nêst fan droech gers en seewier en leit oer it generaal twa oant trije aaien. Nei it brieden wurdt er yn ferlykbere biotopen oantroffen, mar ek yn havens, op jiskebulten, by rioelen en estuaria, mar yn 'e regel net yn swietwetterbiotopen.

Lykas de measte soarten yn it skaai Larus, is ek de lytse iismiuw omnivoar. Hy siket benammen lytse fisken, wringeleaze seedierkes en fûgelaaien of piken fan 'e winterkob of sied. Dêrnjonken siket er ek wol ris tusken ôfeart oft der wat fan syn gading is. Hy foerazjearret wylst er fljocht en snipt iten op, oan of krekt ûnder it wetteroerflak, mar ek as er oan it rinnen of swimmen is.

De wrâldpopulaasje wurdt troch Wetlands International (2015) rûsd op 190.000 oant 400.000 fûgels. De Jeropeeske populaasje wurdt rûsd op 50.000-100.000 pearen, itjinge delkomt op 100.000-200.000 folwoeksen fûgels (BirdLife International 2015). Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: