Lytse grûnmosk
| lytse grûnmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Pyrgilauda davidiana | ||||||||||||
| Verreaux, 1871 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De lytse grûnmosk (Pyrgilauda davidiana) is in Aziatyske sjongfûgel yn it skaai grûnmosken (Pyrgilauda) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse grûnmosk is lykas de namme seit in relatyf lytse soarte yn it skaai fan 12 oant 15 sm. De fûgel hat in swarte foarholle en in sânbrune krún en nekke en ek in wyt plak op 'e hânfearren. De mantel is streke.
It is in relatyf stille fûgel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
- P. d. davidiana – komt foar fan Binnen-Mongoalje oant westlik Sina (Gansu en Qinghai)
- P. d. potanini – komt foar fan it súdeastlike Altaiberchtme oant Mongoalje en noardeastlik Sina.
Lykas oare soarten yn Pyrgilauda waard de fûgel earder yn Montifringilla set.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse grûnmosken komme foar yn healwoastinen op grutte hichten (1000-3000 m), rotseftige gebieten mei koart, drûch gers. Se briede tusken maaie en july of begin augustus yn pearkes of losse koloanjes. It is in stânfûgel, mar guon fûgels kinne nei it brieden nei legere gebieten migrearje. It dieet fan 'e soarte is net goed ûndersocht, mar bestiet út lyts sied fan gers en alpine planten en ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte is grut en der is in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e fûgel ferwiist nei Armand David (1826-1900), in Frânske misjonaris en natuerûndersiker dy't yn 'e jierren 1858 oant 1874 yn Sina wurke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
