Springe nei ynhâld

Lytse goars

Ut Wikipedy
lytse goars

Mantsje
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoarsfûgels (Emberizidae)
skaaigoarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza pusilla
Pallas, 1776
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

De lytse goars (Emberiza pusilla) is in moskeftige fûgel út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae)

De lytse goars is in goarsfûgel fan 12 oant 13,5 sintimeter lang. Hy hat in sterk streke brune rêch en in wite ûnderkant mei fine donkere streekjes. Yn it simmerkleed is de fûgel te werkennen oan it readbrune gesicht, de swarte krúnstreken en in wite eachring.

Yn it winterkleed kin de lytse goars betiizge wurde mei it wyfke fan 'e reidmosk. Njonken it lûd is er dêrfan te ûnderskieden troch de dúdlikere eachring, it lykmjittich readbrune wang mei oan 'e efterkant in smelle swarte râne, de ljocht readbrune team en de dúdlik ljochte streek midden oer de krún. Faak is der ek in lyts ljocht plakje hielendal efter op it wang te sjen. De poaten binne boppedat altiten rôze en net read- of griisbrún. Yn it fjild binne gjin dúdlike ferskillen tusken mantsjes en wyfkes te sjen.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse goars briedt op 'e taiga yn it uterste noardeasten fan Europa en yn noardlik Aazje. It briedgebiet rint fan noardlik Skandinaavje yn in frij smelle sône om 'e poalsirkel hinne nei it easten ta troch Sibearje oant de Stille Oseaan. De soarte komt ek foar yn noardeastlik Sina en mooglik ek yn Mongoalje.

De lytse goars is in trekfûgel dy't oerwinteret yn noardlik Yndia, súdlik Sina en de noardlike dielen fan Súdeast-Aazje. It grutste part fan 'e populaasje oerwinteret yn súdlik Sina. De lytse goars komt ornaris tusken de ein fan maaie en de ein fan juny yn 'e briedgebieten oan en trekt yn augustus en septimber wer nei de wintergebieten.

Nettsjinsteande it grutte ferspriedingsgebiet wurdt de soarte ornaris net yn ûndersoarten opdield.

De soarte wurdt fanâlds yn it skaai Emberiza pleatst, mar guon autoriteiten diele dat skaai yn ferskate lytsere skaaien op. De lytse goars wurdt yn dat gefal tegearre mei bygelyks de reidmosk en de boskgoars, yn it skaai Schoeniclus pleatst.

De lytse goars briedt yn iepen nullebosk, faak mei bjirken of wylgen derby. Oarsom kin de soarte ek foarkomme yn bjirkebosk mei spjirren dertusken. It territoarium wurdt by foarkar útsocht yn 'e neite fan rinnend wetter.

Oerwinterjend fûgeltsje yn Yndia.

Yn ferliking mei de boskgoars komt de lytse goars yn iepener en drûger gebiet foar, mar syn biotoop is wieter en mear begroeid as dat fan 'e iisfink.

Winterdeis hâldt de lytse goars him op yn ferskate iepen en healiepen lânskippen, fan boskrânen oant strûkrike hellingen, nôt- en rysfjilden, bermen en strûkrike gebieten by wiete gebieten. De soarte kin ek yn tunen en hôven mei fruchtbeammen sjoen wurde.

It iten bestiet út sawol ynsekten as sied, mar winterdeis benammen út it lêste. De fûgel foerazjearret op 'e grûn en leech yn strûken en beammen.

De lytse goars wurdt ornaris allinne, yn pearkes of yn lytse groepkes sjoen. Bûten de briedtiid komt er lykwols ek yn lytse kloften fan oant likernôch tolve fûgels foar, faak tegearre mei oare soarten lykas de reidmosk.

Aai.

De lytse goars briedt relatyf let, fan begjin juny oant yn july, en guon pearkes briedzje sels noch oant yn augustus. It nêst wurdt boud fan gers en beklaaid mei finer gers of hier fan rindieren. It nêst wurdt beskut op 'e grûn oanlein.

De fûgel leit fjouwer oant seis aaien, dy't troch beide skaaien alve oant tolve dagen bebret wurde. Beide âlden helpe mei by it fuorjen fan 'e jongen. Dy ferlitte it nêst nei seis oant acht dagen, mar nei trije oant fiif dagen kinne se goed fleane.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lytse goars hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, wêrfan't de ûntwikkeling ûndúdlik is. Op grûn fan dy kritearia klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, LC). De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 33 en 48 miljoen folwoeksen fûgels rûsd.

Yn Sweden nimt de populaasje ta, mar yn Finlân wurdt oannommen dat de soarte sûnt 1980 sterk yn oantal ôfnommen is. De Sweedske populaasje is lykwols lyts en wurdt rûsd op mar sa'n 160 briedpearen. Yn Finlân is de soarte in stik algemiener, mei neffens rûzing 9.100 briedpearen yn 2024, mar yn 'e 21e iuw is de populaasje dêr sterk ôfnommen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: