Lytse gieltoefkakketoe
lytse gieltoefkakketoe | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Cacatua sulphurea | ||||||||||||
Gmelin, 1788 | ||||||||||||
IUCN-status: krityk
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() lânseigen fersprieding |
De lytse gieltoefkakketoe (wittenskiplike namme: Cacatua sulphurea) is in fûgel út it skift fan 'e pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de famylje fan 'e kakketoefûgels (Cacatuidae) en it skaai fan 'e wite kakketoes (Cacatua). Yn 'e mande mei fiif nau besibbe soarten foarmet dizze fûgel it ûnderskaai fan 'e echte wite kakketoes (ek Cacatua). De lytse gieltoefkakketoe is lânseigen yn in diel fan eastlik Yndoneezje en yn East-Timor. Hy kin maklik betize wurde mei de grutte gieltoefkakketoe (Cacatua galerita). It is in hiel yntelliginte fûgel, dy't in herbivoar dieet hat. Troch it weifangen fan fûgels út it wyld foar de yllegale hannel yn húsdieren is it mei de lytse gieltoefkakketoe slim yn it neigean rekke. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as krityk bedrige.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de lytse gieltoefkakketoe út 'e Yndyske Arsjipel yn Súdeast-Aazje komt, wie de fûgel al frij ier yn Jeropa bekend. Keizer Freark II fan it Hillige Roomske Ryk (1194–1250) wie ynsafier bekend de earste Jeropeeske eigner fan in lytse gieltoefkakketoe, wêrfan't yn it troch him skreaune boek De Arte Venandi cum Avibus ("De Keunst fan it Jeien mei Fûgels") fjouwer tige reälistyske ôfbyldings steane. Freark II hie de fûgel as persoanlik geskink krigen fan in Ajûbidyske sultan fan Egypte, dy't hannelskontakten mei islamityske hearskers yn East-Ynje ûnderhold.

De lytse gieltoefkakketoe waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1788 troch de Dútske biolooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin yn syn útwreide ferzje fan 'e Systema Naturæ fan Carolus Linnaeus. Hy basearre him foar de beskriuwing fan 'e fûgel op beskriuwings fan eardere biologen, lykas de Frânsman Mathurin Jacques Brisson en de Ingelsman George Edwards. Dyselden hiene fûgels beskreaun dy't as húsdier holden waarden. De ierste beskriuwing fan in (as húsdier holden) lytse gieltoefkakketoe is fan 'e hân fan 'e Ingelsman Eleazar Albin en datearret fan 1738.
Gmelin pleatste de lytse gieltoefkakketoe yn it skaai Psittacus, dat no inkeld de Afrikaanske grize pappegaaien omfettet, mar doe foar alle pappegaai-eftigen brûkt waard. It wie de Frânske biolooch Louis Pierre Vieillot, dy't yn 1817 it skaai fan 'e wite kakketoes (Cacatua) yntrodusearre.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse gieltoefkakketoe komt fan natuere foar op Selebes en omlizzende lytsere eilannen yn it easten fan Yndoneezje en ek op 'e súdliker leine Lytse Sûnda-eilannen Lombok, Sûmbawa, Komodo, Floares, Adonara, Lomblen, Pantar, Alor en Timor, mei dêropta Semau en Roti, foar de súdwestkust fan Timor. Behalven yn Yndoneezje libbet dizze fûgel dus ek yn East-Timor. Ien isolearre populaasje komt fierder westlik foar, op it eilantsje Masakambing, yn 'e Javasee tusken Madoera en Borneo.
As troch de minske yntrodusearre eksoat libbet de lytse gieltoefkakketoe ek yn Hongkong, benammen yn parken yn it noarden en westen fan it eilân Hongkong. Dy fûgels stamje ôf fan húsdieren dy't yn 'e stêd oer in perioade fan desennia ûntsnapt of troch har eigners frijlitten binne. In gauris werhelle ferhaal is dat sir Mark Aitchison Young, de doetiidske Britske gûverneur fan 'e Kroankoloanje Hongkong, de hiele fûgelkolleksje fan syn residinsje, it Government House, frijliet foar't er op 25 desimber 1941 yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch Hongkong oerjoech oan 'e Japanners. Histoarisy en biologen hawwe lykwols gjin bewiis foar dy anekdoate finen kind, en hechtsje der gjin leauwe oan. De ierste dokumintearre waarnimming fan in lytse gieltoefkakketoe dy't frij omfleach yn Hongkong datearret fan 1959. De populaasje yn Hongkong bestiet nei skatting út 200 eksimplaren.

Behalven yn Hongkong komt de lytse gieltoefkakketoe ek yn Singapoer as eksoat foar, en itselde jildt neffens de webside fan 'e gesachhawwende organisaasje Birdlife International foar de stêden Taipei, Hsinchu, Taichung, Chiayi en Kaohsung oan 'e westkust fan Taiwan.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse gieltoefkakketoe hat trochinoar in lichemslingte fan sa'n 33 sm, wat yndie in slach lytser is as de grutte gieltoefkakketoe (Cacatua galerita) út Nij-Guineä en Austraalje, dy't in lingte fan 44–55 sm hat. It gewicht fan 'e lytse gieltoefkakketoe bedraacht 308–380 g. De kromme mar skerpe snaffel en de poaten, wêrfan't twa teannen nei foarren en twa nei efteren wize, binne grizich mei in ûnderlizzende swartige kleur. De eagen binne swart mei in ûnbefearre râne deromhinne dy't wyt oant hiel ljocht blauwich is.
It fearrekleed is foar it meastepart wyt. De meast opfallende útsûndering op dy regel wurdt foarme troch de toef, dy't giel fan kleur is. De toef is oer it algemien opteard en stekt dan fan 'e efterholle nei efteren út, mar by it delstriken of as de fûgel opwûn rekket, klapt er de toef út, wat in spektakulêr oansjoch jout. Fierders skine ek de fearren oan 'e ûnderkant fan 'e sturt en de ûnderkant fan 'e wjukken út 'en gielens. De lytse gieltoefkakketoe kin kwa kleur maklik betize wurde mei de grutte gieltoefkakketoe, mar de lytse gieltoefkakketoe hat gielige plakken op wat ornaris de wangen neamd wurde (eins tichter by de earen). De oranjetoefkakketoe (Cacatua citrinocristata) liket sawol wat grutte as kleur oangiet tige op 'e lytse gieltoefkakketoe, mar wurdt ûnderskaat troch syn oranje toeffearren. De lytse gieltoefkakketoe fertoant gjin seksuele dimorfy.

Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse gieltoefkakketoes libje benammen yn tropyske reinwâlden en mangrovebosken dy't in wat mear iepen karakter hawwe. Teffens kin men se fine oan 'e wâldsigge en op kultuerlân dat yn agrarysk gebrûk is, lykas kokospalmplantaazjes. Se komme foar fan seenivo oant 800–1.200 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse gieltoefkakketoe is in sosjale fûgel, dy't yn famyljeferbân yn lytse groepen libbet. Dizze fûgels begjinne de dei standert mei it fersoargjen fan 'e fearren, werby't harren rop fier te hearren is. De rest fan 'e dei binne se fierhinne besteld mei foerazjearjen. Op it hjitste part fan 'e middei hâlde se in skoft siësta yn 'e beamkrunen. Tsjin it fallen fan 'e jûn keare se werom nei de beammen dy't almeast langere tiid efterinoar tsjinst dogge om yn te sliepen.
De peartiid fan 'e lytse gieltoefkakketoe is beheind ta it begjin fan 'e reintiid, dy't yn Súdeast-Aazje oan 'e ein fan 'e maityd en yn 'e simmermoannen falt. De briedpearen sûnderje har dan ôf fan 'e groep dêr't se ta hearre en nimme in eigen territoarium yn besit. It nêst wurdt oanlein yn in beamholte. By de pearing betrêdet it mantsje it wyfke, dat neitiid ornaris 2 wite aaien leit. De briedtiid duorret trochinoar 28 dagen, wêrby't beide âlden ôfwikseljend it brieden foar har rekken nimme. De piken binne nêstbliuwers, dy't helpleas te wrâld komme en folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. Mei 60–75 dagen fleane se út, mar ek dêrnei bliuwe se noch langere tiid by de âlden.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse gieltoefkakketoes hawwe in herbivoar dieet, dat benammen bestiet út sieden, planteknoppen, fruchten, nuten en griene plantedielen. Ek frette se wol bluossems en fruchten fan gebietsfrjemde lânbougewaaksen, lykas de kokospalm en stynske weet.

Natuerlike fijannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e lytse gieltoefkakketoe binne benammentlik ferskate soarten earnen, haukfûgels en ûlen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lytse gieltoefkakketoe hat de IUCN-status fan "krityk bedrige", mei't de lânseigen wylde populaasje noch mar út minder as 2.500 eksimplaren bestiet. De ûndersoarte Abbotts gieltoefkakketoe (Cacatuea sulphurea abbotti) komt inkeld foar op it 5 km² mjittende eilantsje Masakambing yn 'e Javasee. Dy fûgel, dy't mei in lichemslingte fan 40 sm justjes grutter is as de fan Selebes ôfkomstige nominaatfoarm, gou al as útstoarn, oant der yn 2008 yn it oerwâld 10 eksimplaren (4 briedpearen en 2 jonge fûgels) ûntdutsen waarden.
It rekke mei de lytse gieltoefkakketoe yn it neigean trochdat der sa'n protte yndividuën út it wyld weifongen waarden om as húsdier ferkocht te wurden. Tusken 1980 en 1992 allinnich al waarden mear as 100.000 lytse gieltoefkakketoes legaal troch Yndoneezje eksportearre. Tsjintwurdich genietet de lytse gieltoefkakketoe beskerming ûnder it CITES-ferdrach fan 'e Feriene Naasjes dat hannel yn 'e fûgels of dielen fan 'e fûgels (lykas de fearren) strafber stelt. Nettsjinsteande dat giet de yllegale hannel yn 'e fûgels noch gewoan troch. Ek hat de lytse gieltoefkakketoe te krijen mei habitatferlies troch ûntbosking, yn 't bysûnder foar wat mangrovebosken (Avicennia apiculata) en kapokbeammen (Ceiba pentadra) oangiet.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 5 (stân fan saken yn 2023) erkende ûndersoarten fan 'e lytse gieltoefkakketoe (Cacatua sulphurea):
- de abbottgieltoefkakketoe of Abbotts gieltoefkakketoe (C. s. abbotti Oberholser, 1917) (Masakambing, in lyts eilantsje yn 'e Javasee tusken Madoera en Borneo)
- de gewoane lytse gieltoefkakketoe (C. s. sulphurea Gmelin, 1788) (Selebes en omlizzende eilannen, lykas Muna en Butung)
- de Jampeagieltoefkakketoe (C. s. djampeana Hartert, 1897) (Tanah Jampea en de Tukangbesi-eilannen yn 'e Floaressee besuden Selebes)
- de Timorgieltoefkakketoe (C. s. parvula Bonaparte, 1850) (Timor, ynkl. East-Timor, en dêropta Semau en Roti, foar de Timoreeske súdwestkust)
- de westlike lytse gieltoefkakketoe (C. s. occidentalis Hartert, 1898) (de westlike en sintral Lytse Sûnda-eilannen: Lombok, Sûmbawa, Komodo, Floares, Adonara, Lomblen, Pantar en Alor)
De Jampeagieltoefkakketoe en de westlike lytse gieltoefkakketoe krigen pas yn 2022 erkenning as ûndersoarte fan 'e Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU), op basis fan in ûndersyk út 2014. De Tunkangbesigieltoefakketoe (C. s. paulandrewi) fan 'e Tukangbesi-eilannen yn 'e Floaressee, dy't yn itselde ûndersyk út 2014 ek as ûndersoarte nei foarren kaam, wurdt net erkend troch de IOU.
Oant 2023 waard de oranjetoefkakketoe (Cacatua citrinocristata), dy't endemysk is op it eilân Sûmba, ûnder de wittenskiplike namme Cacatua sulphurea citrinocristata ek as in ûndersoarte fan 'e lytse gieltoefkakketoe sjoen. Mar út nij DNA-ûndersyk die bliken dat dat in selsstannige soarte is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|