Springe nei ynhâld

Lytse gielsnaffeliisfûgel

Ut Wikipedy
Lytse gielsnaffeliisfûgel

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljeiisfûgels (Alcedinidae)
skaaigielsnaffeliisfûgels (Syma)
soarte
Syma torotoro
Lesson, 1827
IUCN-status: net bedrige

De lytse gielsnaffeliisfûgel (Syma torotoro) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

Mantsje.

Folwoeksen fûgels wurde oant 20 sm lang en se weagje tusken de 30 en 52 gram. Der binne lytse ferskillen tusken mantsjes en wyfkes. By de mantsjes binne de kop en de kraach oranjegiel oant kanielread. De fearren fan 'e kroan wurde bytiden omheech set. Yn 'e nekke sit in swart plak. It boarst en de búk binne krêmkleurich. De wjukken en de rêch binne donker grienblau, de sturtfearren blau. De wyfkes ha deselde tekening as de mantsjes, mar se ûnderskiede harren fan mantsjes troch swart op 'e kroan. De snaffel is by mantsjes en wyfkes ljochtgiel, it each is donkerbrún en de poatsjes binne gieleftich.

De soarte libbet yn Nij-Guineä en noardlik Austraalje.

Der binne gjin rûzings oer de grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en is relatyf algemien. Der is sprake fan biotoopferneatiging yn it ferspriedingsgebiet en dêrfandinne wurdt der fan útgien dat de soarte al wat tebekrint. Dochs wurdt de soarte troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: