Springe nei ynhâld

Lytse flamingo's

Ut Wikipedy
Lytse flamingo's
In lytse flamingo yn Tanzania
In lytse flamingo yn Tanzania
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:flamingofûgels (Phoenicopteriformes)
famylje:flamingofûgels (Phoenicopteridae)
skaailytse flamingo's (Phoeniconaias)
Gray, 1869

De lytse flamingo's (Phoeniconaias) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). It skaai is monotypysk, itjinge betsjut dat it mar út ien libbene soarte bestiet: de lytse flamingo (Phoeniconaias minor). Dizze fûgels binne de lytste en meast talrike fan alle flamingosoarten en komme foaral foar yn Afrika en dielen fan Súd-Aazje.

Typysk foar it skaai is de snaffel, dy't djip read is. Mei harren snaffel filterje se tige lytse organismen lykas blauwieren (Spirulina) en kizelalgen út it wetter. Trochdat se op in oar nivo yn it wetter filterje as de gruttere flamingo's, kinne beide soarten faak sûnder konkurrinsje yn deselde marren libje. Meidat se op noch lytsere organisme foerazjearje yn minder djip wetter kinne se mei de gruttere flamingo's faak sûnder konkurrinsje yn 'e selde marren libje.

De fûgels briede yn tige grutte koloanjes op grutte sâltmarren, dy't foar oare bisten min tagonklik binne. De wichtichste briedplakken lizze yn 'e Riftdellng yn East-Afrika. Hoewol't de populaasje miljoenen fûgels telt, wurdt de soarte troch de IUCN as hast bedrige klassifisearre, om't se ôfhinklik binne fan mar in pear spesifike briedlokaasjes dy't kwetsber binne foar fersmoarging of feroarings yn de wetterstân.

Soarten fan it skaai lytse flamingo's (Phoeniconaias)
OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/Trend
lytse flamingo Phoeniconaias minor Afrika (benammen East-Afrika) en dielen fan Yndia gefoelich

[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: