Lytse flamingo
| Lytse flamingo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phoeniconaias minor | ||||||||||||
| Geoffroy, 1798 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lytse flamingo (Phoeniconaias minor) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e flamingofûgels (Phoenicopteridae). It is de lytste en meast foarkommende flamingosoarte. De fûgel stiet bekend om syn ûnbidich grutte koloanjes yn 'e sâltmarren fan Afrika en dielen fan Aazje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lytse flamingo wurdt tusken de 80 en 105 sintimeter heech en weaget tusken de 1,2 en 2,7 kilogram. De spanwiidte fan 'e wjukken is likernôch 95 oant 100 sintimeter. Hy is dúdlik lytser as de rôze flamingo (Phoenicopterus roseus), dêr't er faak mei gearlibbet. It fearrekleed is meastentiids rôzewyt. It meast opfallende skaaimerk is de donkere, hast swart-reade snaffel, dy't folle donkerder is as by oare soarten. De eagen binne oranje oant giel.
Piken binne bedutsen mei griis dûns en letter krije se in fearrekleed fan ferskillende tinten griisbrún oant ljochtgriis. De karakteristike rôze kleur komt nei twa oant trije jier, as se genôch carotenoïden út 'e algen opnommen hawwe. By de berte is de snaffel noch relatyf rjocht en rôze-eftich. Nei in pear wiken begjint de snaffel te bûgen. By jonge fûgels binne de snavel en de poaten donkergriis oant swart.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn besuden de Sahara yn Afrika, benammen yn 'e Grutte Slink (Riftdelling) yn East-Afrika (Etioopje, Kenia, Tanzania). Dêrnjonken binne der populaasjes yn it westen fan Afrika en yn it noardwesten fan Yndia en Pakistan. De lytse flamingo is de iennichste soarte yn it skaai fan 'e lytse flamingo's (Phoeniconaias). Der wurde der gjin ûndersoarten erkend.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lytse flamingo’s binne spesjalisearre fretters en filterje mikroskopysk lytse blauwieren (benammen Spirulina) en diatomeeën, dy't allinnich groeie yn tige sâlte marren. Troch de mikro-organismen dy't se ite, dy't fol sitte mei carotenoïden, krije de fûgels harren rôze kleur.
De fûgels briede yn grutte koloanjes, bytiden fan hûnderttûzenen pearkes tagelyk. De wichtichste briedplakken lizze op 'e sâltflakten fan 'e Natronmar yn Tanzania. Se bouwe in nêst fan modder yn 'e foarm fan in kegel, dêr't se ien inkeld wyt aai yn lizze. De fûgel migrearret oer grutte ôfstannen op syk nei iten.

De balts fan 'e lytse flamingo is ien fan 'e meast spektakulêre natuerferskynsels yn 'e fûgelwrâld. Oars as by in soad oare fûgels is de balts fan 'e lytse flamingo in massaal en syngronisearre barren. De balts begjint faak mei hûnderten of sels tûzenen fûgels, dy't ticht opinoar steane en as ien grutte groep troch it ûndjippe wetter marsjearje. Se rinne mei flugge trêd deselde kant út en draaie wat letter ynienen allegear tagelyk om. De fûgels stekke de hals sa heech mooglik út en draaie de kop ritmysk fan lofts nei rjochts. Se spriede de wjukken in hoart hielendal út, sadat de kontrastearjende swarte en reade fearren goed te sjen binne, en klappe se dan wer yn. De hiele groep makket ûnder de balts in lûd, toeterjend leven dat oant op kilometers ôfstân te hearren is.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de lytse flamingo klassifisearre as hast bedrige (Near Threatened). Hoewol't der noch miljoenen fan 'e fûgels binne, is de populaasje kwetsber om't se ôfhinklik binne fan in pear spesifike briedlokaasjes. Bedrigingen foarmje de fersmoarging fan wetter, de winning fan soda yn harren leefgebiet en de fersteuring fan 'e wetterhúshâlding troch de bou fan dammen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse flamingo
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
