Springe nei ynhâld

Lytse blauwe reager

Ut Wikipedy
Lytse blauwe reager

Lytse blauwe reager yn briedkleed.
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaailytse reagers (Egretta)
soarte
Egretta caerulea
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     briedfûgel
     stânfûgel
     trekfûgel
     wintergast

De lytse blauwe reager (Egretta caerulea) is in fûgel út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).

In folwoeksen fûgel hat in blaugriis fearrekleed. De nekke en de kop binne faak wat tsjusterder, hast pearsich of brúneftich. De snaffel is ljochtblau mei in swarte punt. De snaffel is ljochtblau of griisblau, wylst de punt dúdlik swart is. Bûten de briedtiid binne de poaten dofgrien. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin grutte ferskillen.

Yn 'e briedtiid wurdt de pearseftige kleur op 'e kop en nekke yntinsiver. Der ûnsteane lange lânsetfoarmige sierfearren op 'e rêch en bytiden ek op it boarst. De basis fan 'e snaffel wurdt faak blauwer en de poaten kinne donkerder of sels swart wurde.

De fûgels wurde tusken de 56 en 74 sintimeter en ha in spanwiidte fan 100 oant 105 sintimeter.

In bysûnder skaaimerk is dat jonge fûgels folslein wyt binne. Se lykje dan in soad op 'e lytse wite reager, mar se binne te werkennen oan harren grize poaten en de donkere punt oan 'e snaffel.

Pykje
Juvenyl
Ferkleurjend jong
Folwoeksen fûgel

De fûgel komt yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten - fan Teksas oant Floarida - foar en oan 'e de Atlantyske kust noardlik oant Maine. Hy komt yn hiel Midden-Amearika foar en op hast alle eilannen yn 'e Karibyske See. Yn Súd-Amearika rint syn ferspriedingsgebiet fan Kolombia en Fenezuëla oant sa fier as Perû, Oerûguay en it noarden fan Argentynje.

De briedgebieten lizze yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten, op de Kariben en fan Meksiko oant yn Súd-Amearika. Fûgels út de noardlike briedgebieten lûke winterdeis nei it suden rjochting Floarida, Midden-Amearika of sels it noarden fan Súd-Amearika. Nei de briedtiid komt it foar dat jonge en folwoeksen fûgels earst in hiel ein nei it noarden swalkje, bytiden sels oant de grins mei Kanada, foardat se letter yn it jier nei it suden lûke om dêr te oerwinterjen.

Jonge fûgels dy't wat bûten it nêst om begjinne te skarreljen.

Lytse blauwe reagers briede hast altiten yn groepen, faak yn mingde koloanjes mei oare wetterfûgels. It nêst wurdt yn beammen of strûken boud, meastentiids tusken de 2 en 5 meter boppe it wetter of de grûn. It wyfke leit meastentiids 3 oant 5 blaugriene aaien. Sawol it mantsje as it wyfke briede op 'e aaien, dy't nei 22 oant 24 dagen útkomme. De piken wurde ek troch beide âlden fuorre troch it iten foar de piken wer op te koarjen. Nei likernôch 45 oant 50 dagen kinne de jongen goed genôch fleane om harsels te rêden.

De lytse blauwe reager is in ferduldich jager, dy't hiel stadich rint of ûnferweechlik wachtet oant der in hapke foarby komt. it iten bestiet út lytse fisken dy't yn ûndjip wetter swimme, kreeften, krabben, amfibyen, wetterynsekten, imerkes, út en troch in lytse slang, ensafuorthinne.

De status fan 'e lytse blauwe reager wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre, mar de populaasje nimt stadichoan ôf.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: