Springe nei ynhâld

Lytse bijefretter

Ut Wikipedy
lytse bijefretter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftrôldereftigen (Coraciiformes)
famyljebijefretterfûgels (Meropidae)
skaaibijefretters (Merops)
soarte
Merops pusillus
Sharpe, 1892
IUCN-status: net bedrige

Lytse bijefretters (Merops pusillus) foarmje in fûgelsoarte fan it skaai bijefretters (Merops) yn 'e famylje bijefretterfûgels (Meropidae).

Lytse bijefretter yn Kenia.

De fûgel hat in griene kop, in swart eachmasker en in ljochtgiel kin. Boppe it each sit in fyn turkwaze streekje. It boarst is boppe donker- oant readbrún, dat nei ûnder ta mear nei okergiel oergiet. De boppedielen en de wjukken binne meast grien mei wat brune fearren. De fûgel hat in swarte snaffel, swarte poatsjes en in readbrún each.

Lytse bijefretters wurde yn fiif ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se briede yn iepen lânskippen mei boskjes en strûken en leafst by wetter. Lykas de namme al seit yt de fûgel ynsekten, fral bijen en hoarnbijen dy't er út de loft snipt. Foardat se harren proai ite, ferwideret de fûgel de giftige angel troch it ynsekt ferskate kearen op in hurd oerflak te slaan.

Oars as oare bijefretters briede lytse bijefretters net yn koloanjes. Se meitsje lykas oare soarten in tunnel yn sânbanken en somtiden brûke se ek in hol fan in ierdbaarch. In lechsel bestiet út 4 oant 6 wite aaien. Wyfkes en mantsjes fersoargje it nêst. De fûgels sliepe tegearre.

De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Ek de wrâldpopulaasje is grut, mar oannommen wurdt dat de fûgel yn oantal ôfnimt, lykwols net genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: