Lytse Andesflamingo
| Lytse Andesflamingo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Phoenicoparrus jamesi | ||||||||||||
| Sclater, 1886 | ||||||||||||
| IUCN-status: hast bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lytse Andesflamingo of Jamesflamingo (Phoenicoparrus jamesi) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e flamingofûgels. De fûgel is ferneamd nei de Britske sakeman en natuerleafhawwer Harry Berkeley James, dy't eksimplaren sammele yn 'e Andes. Foar in hiel skoft waard tocht dat de soarte tige seldsum of mooglik ferdwûn wie, oant yn 1956 wer grutte populaasjes fûn waarden.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Lytse Andesflamingo is de lytste fan 'e twa soarten út it skaai fan de heechlânflamingo's. Hy wurdt likernôch 90 oant 92 sintimeter lang. It fearrekleed is ljochtrôze mei opfallende karmynreade streken oer de rêch en de hals. In wichtich skaaimerk is de koarte, heldergiele snaffel mei in swarte punt. Oars as de Andesflamingo hat de soarte gjin giele mar bakstienreade poaten en is er dúdlik lytser as de oare soarte. Ek de snaffelkleur ferskilt.

Juvenilen binne foar it grutste part wyt oant griis. Op 'e rêch en skouders hawwe se faak dúdlike brune streken yn 'e midden fan 'e fearren. De snaffel hat by juvenilen al de typyske koarte foarm, mar de kleur is doffer. De basis is dof griis-grien oant bleekgiel, mei in swarte punt dy't minder skerp ôftekene is as by folwoeksen fûgels. Dêr't folwoeksenen bakstienreade poaten hawwe, binne de poaten fan juvenilen griis oant swartich. De iris is by jonge fûgels donker, wylst folwoeksen fûgels meastentiids oranje-eftige of giele eagen hawwe
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel libbet yn 'e heechlizzende sâltmarren fan 'e Andes, benammen yn it grinsgebiet fan Bolivia, Sily, Argentynje en Perû. It middelpunt fan 'e populaasje leit yn 'e Reserva Nacional de Fauna Andina Eduardo Avaroa yn Bolivia.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De lytse Andesflamingo is ekstreem spesjalisearre yn it filterjen fan mikroskopysk lytse diatoomeeën, dêr't syn dieet út bestiet. Se libje yn tige sâlte en alkaline marren op grutte hichten. De nêsten wurde boud fan dridze en en lizze faak tichte byinoar yn grutte koloanjes. De grutste koloanje is yn 'e Laguna Colorada yn Bolivia mei mear as 40.000 fûgels.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de Lytse Andesflamingo de status hast bedrige (Near Threatened). Nei in sterke delgong yn 'e 20e iuw liket de populaasje de lêste tiid wat te werstellen. De populaasje wurdt op omtrint 100.000–150.000 fûgels rûsd. De soarte briedt mar op in pear plakken en syn habitat is gefoelich foar minsklike ynfloeden. De grutste bedrigingen foarmje de winning fan grûnstoffen (lithium), wetterfersmoarging troch mynbou-aktiviteiten en de fersteuring fan briedgebieten troch toerisme en klimaatferoaring.[1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
