Lyts-Reinaldastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Lyts-Reinaldastate lei noardeast fan Westernijtsjerk yn de gemeente Ferwerderadiel op de súdlike punt fan de langhalige terp fan Terstêd. Tichtby stie Grut-Reinaldastate. Oer de relaasje tusken Grut- en Lyts-Reinalda kinne ferskate hypotezes opsteld wurde. Sjoch hjirfoar by Grut-Reinaldastate

De state wie ôfkomstich fan Auck Markla en hearde eartiids oan de neibuorjende Jeppema's. Yn 1558 kamen Lyts- en Grut-Reinalda tydlik yn ien hân: Saepck Itsma, dy't eigner wie fan Grut-Reinalda, kocht doe ek Lyts-Reinalda. Fjouwer jier letter liet se Clein Regnaldae nei oan har soan Gemme fan Burmania. Yn de 16e iuw en lettter wiene beide states pachtgoederen.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1511 Take Mockama en syn frou Auck Jellinga alias Marckla
  • 1540, 1543 Wyger Feytsma en syn frou Auck Jellinga alias Marckla
  • oant 1558 Arlcke Feytsma
  • 1558 - 1562 Saepck Itsma.
  • 1562 Gemme fan Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: