Springe nei ynhâld

Lyts-Poalen (histoarysk gebiet)

Ut Wikipedy
Lyts-Poalen mei de trije histoaryske woiwodskippen Krakau, Lublin und Sandomierz op de kaart fan it hjoeddeiske Poalen.

Lyts-Poalen (Poalsk: Małopolska; Latyn: Polonia Minor) is ien fan 'e wichtichste en grutste histoaryske lânstreken fan Poalen. It bestie út it súdlike en súdeastlike diel fan it lân. De regio mei net betiizge wurde mei it hjoeddeiske woiwodskip Lyts-Poalen, dat mar út in fraksje fan it oarspronklike gebiet bestiet.

Troch de iuwen hinne wie Lyts-Poalen it politike en kulturele hert fan 'e Poalske steat, mei Krakau as it histoaryske haadplak en de residinsje fan 'e Poalske keningen.

De provinsje Lyts-Poalen yn 1635.

It histoaryske Lyts-Poalen wie folle grutter as de hjoeddeiske woiwodskip Lyts-Poalen. It omfieme ûnder oare:

Yn it noarden grinzge it oan Mazoovje, yn it westen oan Grut-Poalen en Sileezje en yn it easten oan Read-Rûteenje (it hjoeddeiske grinsgebiet mei Oekraïne).

Hoewol't de namme "Lyts-Poalen" pas folle letter yn 'e kroniken foarkomt, ferskode it politike swiertepunt fan Poalen al ier yn 'e midsiuwen nei it suden. Yn 'e 10e iuw wie de regio om it hjoeddeiske Poznań hinne (Grut-Poalen) it kearngebiet fan 'e Poalske foarsten. De regio om Krakau hinne waard pas oan 'e ein fan dy iuw ferovere en by it ryk brocht. Dêrtroch waard dit gebiet yn it Latyn it Polonia Minor neamd: it "nijere" of "lettere" Poalen.

Krakau.

Yn it jier 1038 feroare de status fan 'e regio drastysk. Troch ynterne oarloggen en in ferwoastgjende ynvaazje út Bohemen wei, wie it âlde hert fan it lân yn Grut-Poalen folslein ferrinnewearre. Kasimir I de Fernijer liet doe de residinsje ferhúzje nei it feiliger Krakau. Sûnt dy tiid waard it "nije" Poalen it machtssintrum fan it keninkryk, mei it kastiel fan Wawel as it symboal fan 'e monargy.

Om in ûnderskie te meitsjen mei it âlde stamgebiet Grut-Poalen (Polonia Maior) ferskynde de namme Lyts-Poalen (Małopolska) pas yn 'e 14e en 15e iuw yn dokuminten. De namme Lyts-Poalen seit neat oer de grutte of it belang fan 'e krite, mar is in histoaryske ferwizing nei de folchoarder fan 'e tatreding fan 'e gebieten ta de Poalske steat.

By de Poalske Dielingen oan 'e ein fan 'e 18e iuw waard Lyts-Poalen opdield yn it súdlike diel (mei Krakau) ûnder Eastenryk-Hongarije as it keninkryk Galysje en it noardlike diel (mei Lublin en Kielce) ûnder Ruslân as ûnderdiel fan Kongres-Poalen. As bestjoerlike ienheid einige Lyts-Poalen yn 1772.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Norman Davies: God's Playground A History of Poland: Volume 1: The Origins to 1795
  • Foar oare boarnen: sjoch en:Lesser Poland