Sekowehûn
| sekowehûn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Lycaon sekowei | ||||||||||||
| Hartstone-Rose et al., 2010 | ||||||||||||
| status: | ||||||||||||
De sekowehûn (wittenskiplike namme: Lycaon sekowei) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e hyenahûnen (Lycaon). Fossilen fan dit bist binne weromfûn yn Súd-Afrika en datearje út it Let-Plioseen oant Ier-Pleistoseen fan likernôch 2–1 miljoen jier lyn.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sekowe is it wurd foar de nau besibbe hyenahûn (Lycaon pictus) yn 'e taal fan 'e Tswana, in etnyske minderheid yn noardlik Súd-Afrika en de dominante etnyske groep yn it nei harren ferneamde Botswana.
Fynsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan 'e sekowehûn binne bekend fan twa fynplakken, beide yn 'e Sterkfonteindelling yn 'e Súdafrikaanske provinsje Gauteng. It holotype, dat yn 2010 opdobbe waard troch de paleöntologen Adam Hartstone-Rose, L. Werdelin, D. de Ruiter, L.R. Berger en S.E. Churchill, bestiet út in frijwol komplete boppekaakbonke ôfkomstich út Cooper's Cave (spesifyk Cooper's D). Dat fossyl wurdt datearre op in âlderdom fan 1,9–1,6 miljoen jier. It paratype betreft in folsleiner skelet fûn te Gladysvale, dat foar likernôch 40% kompleet en omtrint 1 miljoen jier âld is. Beide fynplakken lizze binnen de ôffredings fan 'e saneamde Widze fan 'e Minskheid, dy't opnommen is op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO.
Tsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hartstone-Rose et al. stelden yn 2010 dat de sekowehûn in hyperkarnivoar wie (in karnivoar mei in dieet dat foar mear as 70% út fleis bestiet), krekt as de hjoeddeistige hyenahûn (Lycaon pictus), ek al wiene syn foarpoaten net sa adaptearre foar draven as dy fan 'e hyenahûn. Hartstone-Rose-en-dy woene ek hawwe, de sekowehûn soe de foarâlder wêze fan alle bekende hyenahûnen, wêrby't se har basearren op oerienkomsten yn 'e dintale morfology mei dy fan 'e hyenahûn en útstoarne hyenahûneftigen út Jeropa.
Joan Madurell-Malapeira et al. oppenearren yn 2013 lykwols yn harren artikel The Latest European Painted Dog dat it skaai fan 'e hyenahûnen (Lycaon) him skoan yn Jeraazje ûntwikkele hawwe kinne soe. Fertsjintwurdigers fan it skaai soene har dan omtrint 2 miljoen jier lyn nei Afrika ferspraat hawwe. De ûnderbouwing foar dy hypoteze wie de krappens oan fossilen fan ûnderskate útstoarne soarten hyenahûnen yn Afrika.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
