Luzonboskiisfûgel
| Luzonboskiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Actenoides lindsayi | ||||||||||||
| Vigors, 1831 | ||||||||||||
| IUCN-status: met bedrige | ||||||||||||
De Luzonboskiisfûgel (Actenoides lindsayi) is in fûgelsoarte út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). It is ien fan 'e soarten yn it skaai fan 'e boskiisfûgels (Actenoides).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De oant likernôch 6 sm grutte Luzonboskiisfûgel is maklik te ûnderskieden fan oare iisfûgelsoarten op 'e Filipinen en hat op 'e boppedielen in grimelich en ûnder in skobbich patroan. It mantsje hat in donkergriene kroan mei swarte plakjes en in smel ljochtgrien streekje boppe in blauwe eachbroustreek mei dêrûnder in swarte streek. De blauwe snorstreek is oan 'e boppe- en ûnderkant omseame mei in oranje bân en kraach. De boppedielen ha donkergriene fearren mei bleke punten. De stút is ljochtgrien en de sturt donkergrien mei brune streken op 'e bûtenste fearren. De kiel is oranje en de fearren op it boarst binne wyt mei griene rânen. De boppesnaffel is swart en de ûndersnaffel giel, de fûgel hat in brún iris en de poaten binne grienich.
It wyfke hat minder sprekkende kleuren; de eachbraustreek is earder grien as blau en de snor is brúngrien, de nekke is brúnswart en de kiel hat deselde kleur as it boarst. Juvenile fûgels lykje op it wyfke, mar binne oer it generaal doffer.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn fochtige oerbosken yn leechlân en heuveleftige gebieten.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoed-de-dei wurdt de fûgel monotypysk behannele, mar earder wiene der twa ûndersoarten:
- A. l. lindseyi – wurdt op Luzon en Catanduanes oantroffen;
- A. l. moseleyi – wurdt op Panay en Negros oantroffen (boppe donkerder en bruner, bleke plakken wat grutter en rûner).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet solitêr of yn pearkes, mar wurdt tusken de tichte begroeiïng selden sjoen. Se ite krobben, ynsekten, slangen, slakken en lytse wringedieren. Se binne fral aktyf by it lemieren en tsjin it ûndergean fan 'e sinne.
Oer de briedwensten is net in soad bekend. Oannommen waard dat se nêsten yn termitenêsten yn beammen bouwe, mar dêr bestiet twifel oer om 't oare leden fan it skaai meastentiids it nêst yn beamholte bouwe of yn 'e grûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel wie eartiids op Luzon folle mear oanwêzich, mar troch houtkap is it geskikte leefgebiet folle lytser woarn. Op Negros is de soarte ek yn parken waarnommen mei tichte begroeiïng.
De IUCN hat de soarte as net bedrige klassifisearre (2024). Oannommen wurdt dat de oantallen lytser wurde troch it ûntboskjen en feroarjend lângebrûk. Der is mear ûndersyk nedich, mar it liket der op dat de fûgel troch de oanhâldende ferneatiging fan biotoop lang om let dochs in bedrige status kriget. De fûgels binne oer it generaal seldsum, mar se ha noch in grut ferspriedingsgebiet yn West-Visayas en Luzon.
De fûgels komme ek yn ferskillende beskerme gebieten foar, lykas Mount Banahaw, Mount Makiling, Mount Isarog, Nasjonaal Park Bataan, en Northern Sierra Madre Natural Park, Nasjonaal Park Mount Kanlaon en it Northern Negros Natural Park, mar lykas op 'e hiele Filipinen is de beskerming op papier wol goed regele, mar de jacht en ûntbosking geane gewoan troch.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
